Bibelbylden troch Willem Tjerkstra

Bibelbylden troch Willem Tjerkstra

Bibelbylden

Ynlieding

It earste gedicht fan Bibelbylden waard skreaun yn oktober 2012 en gie werom nei it paradys, dêr’t de earste minske syn replyk joech op ’e pracht fan de skepping:  Replyk op it paradys. Dêrnei rûn gedicht nei gedicht op mei de Bibelboeken, mei útsûndering fan in lyts tal fan dy boeken, oant en mei Iepenbiering. Dêrnei kamen de grutte profeten yn sicht –  Jesaja, Jeremia en Ezechiël, –  dy’t ek stim krigen yn gedichten.
Yn desimber 2022, likernôch tsien jier letter as Replyk op it paradys, spriek Ezechiël him yn it tûzenste gedicht út: Profeten as jakhalzen.

Alle gedichten binne te finen op www.tjerkstra.com ûnder de rubryk Bybelbylden.

It Heidenskip, april 1950

In jonkje fan seis jier rint fan it skûtsje troch de greiden nei skoalle. In healoere letter sit er mei de earms oerinoar te harkjen nei it ferhaal oer de skepping dat master Van der Veer byldzjend fertelt. It ferhaal fol mei dieren komt op it jonkje oer as in mearke. Hy rint dêrtusken omdat er net bang hoecht te wêzen foar de slang of de liuw, want dy boartsje mei in knyn.
Omdat hy bern wie op in skûtsje, sprekt it ferhaal fan Jezus dy’t oer it wetter rint, him ek oan. Us Leave Hear hat gjin boaiem fan hout of izer ûnder de fuotten, mar kin samar oer de weagen rinne.
It leauwen begjint foar it jonkje mei tal fan mearkes.

Petrus dweiltrochwiet
fan Ivan Aivazovsky*

Dweiltrochwiet kaam ik wer yn de boat
nei’t weagen oer my hinne rûnen,
want ik sonk de djipte yn;
se fûnen my miskien net al te snoad,
mar dochs… ynienen fielde ik de wyn
en koe ’k net mear in stap fersette.

Sûnder Jezus stieken wy fan wâl,
wolnee, ik wie him net fergetten,
seach him by de berch opgean;
wy hiene yn de wyn, ’t gie doe al mâl,
’t wie dreech genôch om noch rjochtop te stean,
lit stean om yn de boat te rinnen.

’t Wie Andréas dy’t it skynsel seach,
as stjoerman sjoch ’k net om my hinne,
want dy hâldt de boat op koers;
Jakobus raasde oer in spûk dat fleach
oer weagen, oaren leine yn de sûs,
ik seach… en hearde Jezus roppen.

Wie ’t in wûnder om rap nei him ta?
Ik wol ’t wol wêze, net te stopjen
bin ik oer it wetter flein,
mar earlik sein, it moat net faker sa,
ik bin der noch, want Jezus hat my heind…
Andréas hat it roer oernommen.

* Ivan Aivazovsky (1817-1900)

Terherne, oktober 1953

In jonge fan njoggen rint oer de polderdyk fan de slûs nei Terherne. Foar it earst wer nei skoalle, omdat syn heit fan skipper slûswachter wurden is. It moat op de iepenbiere skoalle wenne, want de dei begjint net mei in ferhaal út ’e Bibel, mar mei rekkenjen. It wend al gau, want fan master Bergsma krijt er daliks al in rol yn de revu, dy’t foar hiel it doarp yn de gymseal opfierd wurdt.
De jonge fielt him opnommen en wurdt opnommen yn ferhalen oer it ivige hielal. It ferhaal oer Poseidon sprekt him ek oan. Dy god rint net oer it wetter, mar dûkt dêrút op. It liket wol in mearke, mar dy faze is de jonge foarby… it is in myte.

Poseidon
fan ûnbekend*

Poseidon, soan fan Kronos,
waard opfretten troch syn heit
en rêden troch broer Zeus,
wat alles oer de goaden seit:
as goede god en wrede reus.

God fan de see en ierde,
letter inkeld fan de see,
hy hie in trijetosk
as wapen, foar syn wraaksucht ree,
syn dwaan wie as in tizebosk.

Hy die it mei mear froulju,
kriich by har de frjemdste bern:
in fjochter mei de fûst,
in famke om net oan te sjen,
syn dwaan wie altyd like woest.

Hy sette oan ek hynders,
dêr’t er troch de loft mei ried
om oer de see te sjen,
de weagen songen dan it liet:
‘Wy bliuwe god Poseidons fan.’

Deinum, augustus 1955

De alvejierrige jonge rint fan Ritsemasyl nei Deinum. Om’t er ferhuze is, giet er foar it earst wer nei in oare skoalle, net nei de iepenbiere, mar nei de kristlike. It begjin fielt fertroud oan mei in ferhaal út ’e Bibel. Hy leaut net mear yn mearkes, mar wol yn wûnders. Dat Jezus samar oer it wetter rûn, wie in kristlik wûnder. Dat Poseidon lang ûnder wetter bliuwe koe en ek troch de loft fleach, wiene heidenske wûnders. Mar wêr’t de jonge mei twa kear sân pear earen nei harke, wiene ferhalen oer de werklikheid. Hy wist doe noch net dat hy yn de faze fan de realiteit ferkearde.
Master Koopmans makke in slingerjende beweging doe’t er fertelde oer de slinger fan de jonge David. It stientsje dat dêrôf kaam, boarre fier de harsens fan de sterke Goliat yn. Doe fielde de jonge himsels as David… hy wie fan lyts grut wurden.

Davids slingerstien
fan Edgar Degas*

Dêr komt er stampend út ’e fierte,
breinroer om dat bern fan neat,
it fintsje dat Saul stjoerd hat;
Goliat syn eachopslach wurdt read,
hy sil dy hûn syn bloed sjen litte.

Syn stappen binne fan in hoeder,
sa’t de keppel David ken,
ek wend oan tas en slinger,
lykwols hjoed hat hy wat oars yn ’t sin
foar balter Goliat… wat soe er!

Hy sil him net bespotte litte
troch in bleate skieppeboer,
in skande wat Saul dien hat;
Goliat rûkt bloed en fleis, goed foer
foar ’t bist, dat lit er him noch witte.

Twa stappen noch, dan is er kommen
op it plak foar ’t slingerjen,
syn hân taast nei de stiennen
yn de tas, in hoeder wit, it kin,
in stientsje rekket hjoed de domme.

* Edgar Degas (1834-1917)

 Snits, septimber 1960

Omdat de jonge al fjouwer jier op ’e Jousterslûs wennet, fytst er dêrwei nei Snits. Ast learling fan de kweekskoalle wurdst, moat de puberteit achter dy lizze. It giet yn de kommende fiif jier om de oergong fan learling nei master. In kristlike learling wurdt meastal in kristlike master. Foar dy oergong is ynwijing yn de kristlike dogmatyk nedich. Oars soene de ferhalen út ’e Bibel gjin deeglik fûnemint krije. De fazen fan mearke, myte en realiteit ha gjin sizzenskip mear. Dus harkje nei Paulus!

Brief oan Timoteüs
fan Rembrandt*

Op ’e nij in brief, myn leave jonge,
de twadde dy’t ik oan dy stjoer,
diskear yn finzenskip út Rome wei,
my tinkt it lijen is gau oer.

Net dat ik my foar it lijen skamje,
ik hâld betrouwen yn de Hear
en wachtsje rêstich op ’e grutte dei,
wylst ik de drege tiid fernear.

Lit it fjoer fan Gods genede brâne,
syn Geast jout krêft om dat te dwaan,
al stiet dyn libben troch ’t bliid boadskip faai,
do silst it oan de harkers jaan.

Lit de bylden foar harsels mar sprekke:
fan Kristus bist in goed soldaat,
nim foar in priis de regels wol yn acht,
de boer hat fan syn wurkjen baat.

As wy mei Jezus Kristus stjerre,
dan libje wy tenei mei Him
as keningen, want Hy bliuwt ivich trou,
ek as negearje wy syn stim.

* Rembrandt (1606-1669)

 

Snits, maart 1967

Dêr stiet er yn in boppelokaal fan de Groen van Prinstererskoalle, foar klasse 3 mei 39 bern. Hy  stiet dêr foar it earst, dus is it de fraach oft dat jonge masterke ek boppe learlingen en learstof stiet. Wat hat hy te fertellen? De namme fan de skoalle seit al dat er útgean moat fan de kristlike lear, want Groen van Prinsterer wie in foarfjochter fan kristlik ûnderwiis en hie hiel wat te fertellen. Mar stie hy ek foar 39 learlingen fan wa’t in part út problematyske húshâldings komt?
Wolle de bern letter dissipels fan ús Leave Hear wurde, dan moat de nije master net te heech gripe. Gjin dogma’s mar in oansprekkend ferhaal, dêr’t ek in bern yn foarkomt, in bern mei bôle en fisk. It hat wol wat fan in mearke, mar it wûnder giet dêr boppe-út en al dy minsken dy’t sêd wurde, ha de werklikheid oan de lea meimakke. Sy ha in ein rinne moatten oer bergen en troch bedelten om Jezus te sjen, dat sadwaande.

Jonge mei bôle en fisk
fan Lambert Lombard*

Mem joech fiif bôlen mei
en dan ek noch twa fiskjes
om te dielen mei myn maten,
want wy rûnen mei de minsken
nei de eastkant fan de mar,
it skip fan Jezus achternei
om wer wat te belibjen
sa’t ik dat wol faker sjoen ha;
wy stiene achter al dat folk
en koene him net hearre,
ek net sjen wat er krekt die,
der wie foar ús neat te belibjen,
dêrom ha wy tikkeboarte;
doe’t ik de bôle diele soe,
sei ien dat Jezus dy ha woe,
ik ha him ek de fiskjes jûn;
as jim ’t net leauwe wolle,
freegje dan it folk mar nei,
want al dy minsken ha doe iten
fan de bôle dy’t ik diele woe,
omdat myn maten honger krigen;
o ja, de fiskjes rekken op,
de bôle net, want tolve kuorren
fol mei brokken bleauwen oer…
dat ha wy dus belibbe.

* Lambert Lombard (1505/1506-1566)

Ljouwert, augustus 1989

De master/direkteur hat mei dûbele gefoelens ôfskie nommen fan De Ark, de skoalle dêr’t er fyftjin jier lieding oan jûn hat. Hy  priizge him ryk dat er noch fjouwer dagen yn de wike foar de klasse stie om bern it paad te wizen… wêrhinne? Under oare nei Noäch, oan wa’t de skoalle de namme te tankjen hie. Mei de arke fan Noäch kaam foar master/direkteur ek Utnapishtim yn sicht, in Soemearyske held út in fier ferline. Hy boude in grutte boat en oerlibbe sa de sûndfloed.
De âld master/direkteur fytste alle dagen, tsien jier lang, fan Snits nei Ljouwert en ek werom fanwege syn nije baan. Sawol Noäch as Utnapishtim reizgen geregeld mei om him witte te litten dat se yn it ferhaal/de myte itselde belibbe hiene… ferhaal en myte yn ferbining mei God en de goaden. De krekt beneamde skoalbegelieder miste yn de arke/grutte boat de bern en naam it Noäch en Utnapishtim tige kwea-ôf dat se gjin bern meinommen hiene, sadat dy ûnder wetter rekken. Stadichoan waard de skoalbegelieder him ûnder it fytsen bewust dat hysels de bern ek achterlitten hie. Want sis no sels, de wêzentlike opdracht foar elke pedagooch is it bern yn de arke fan behâld te lieden, sadat it letter folslein de wrâld yngiet.

Gjin oare kar
fan anonym*

Syn namme hie er roppen heard
en doe de opdracht foar de bou,
hy wie ferheard oer doarp en stêd,
it minskdom rekke sa yn ’t nau.

Wat moast er oars as bouwe mar,
in grutte arke, mar te nau
foar ’t hiele minskdom, dat de kar
foel op himsels, de bern en frou.

It spriek fansels, de dieren ek,
fan sterke liuw oant grutske pau,
it bist mei in te grutte bek
kaam mei syn nekke oan in tou.

De doar foel ticht, in lûde klap,
it teken fan orkaan en rein,
it minskdom die in lêste stap
de hichte yn, it waard syn ein.

It dreau foarby, de loft waard skjin,
in raven fleach oer ’t stjonkend wiet
en hie it bûten bêst nei ’t sin,
omdat er fan kadavers friet.

In do moast doe it hear oersjen
en kaam werom mei ’t earste grien,
it sein foar Noach, frou en bern,
se binne út ’e arke gien.

Snits, 2003 oant 2022

De âld master/direkteur/skoalbegelieder rint alle moarnen syn rûte troch en om Snits hinne. Hy tinkt ûnderweis nei oer syn libben en leauwe. Stadichoan is hy him bewust wurden dat it minskdom fan de âldste tiden ôf socht hat nei it mystearje fan de godheid/ it goadedom. Hy tinkt ek nei oer de resultaten fan de wittenskip: de djipte fan de minsklike siel en de ûneinichheid fan it universum. Dan komt er ta it besef dat de wittenskip nea de djipte en hichte fan it mystearje peile kin. Hoe soe hysels dan ta in einbeslút komme?
Wol is it leauwe fan de âld master yn de rin fan de jierren djip- en heechgeand feroare: God en goaden binne ta mystearje wurden en de wittenskip wie en is in ûntdekkingsreis en sil dat altyd bliuwe. De wittenskip sil der net yn slagje in nije ierde en in nije himel te skeppen. En oft Johannes, de skriuwer fan it boek ‘Iepenbiering’ gelyk krije sil, is mar de fraach. Dochs giet de âld master troch mei syn Bibelbylden.

Alles nij
fan ûnbekend*

De earste himel en de earste ierde
lieten har net langer sjen,
ik seach in nije himel, nije ierde
en in nij Jeruzalem kaam del,
it wie de ein fan âlde tiden.

Fanút de nije himel wie te hearren
dat God wennet by syn folk,
de triennen sil Hy út ’e eagen feie,
’t deaderyk is smiten yn de hel,
dat rou sil freugde net bedjerre.

God is de alfa en omega: earste,
tagelyk de lêste, Hy
sil drinke litte fan it libbenswetter,
dat it lean is fan wa’t bliuwt yn stel,
gjin niget hat oan kweade geasten.

Hy is foargoed Gods soan, dat sil er wêze,
om’t er folhold yn de striid,
syn namme is yn ’t libbensboek te lêzen.