Wolkom by Krúspunt!

Krúspunt is it moetingsplak foar minsken en organisaasjes dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om ‘e tsjerke.

Lês mear oer Krúspunt

Aktiviteiten

ôfbylding leauwe yn Fryslân

 

Under de namme ‘Leauwe yn Fryslân’ wol Krúspunt omtin- ken jaan oan téology yn de Fryske kontekst.

De kursus Leauwe yn Fryslân is út ein set yn te Jorwert. Dosinten binne Tytsje Hibma, Alex Riemersma, Hinne Wagenaar en Liuwe Westra. De kursus is bedoeld foar domenys, foargongers en pastores yn Fryslân.  Mear ynformaasje: thbima@hetnet.nl

kursusprogramma 2017-2018

Folkert Verbeek wint Bernard Smilde priis 2017

De sjuery hat út de 10 ynstjoeringen it liet fan Folkert Verbeek út Sleat as winnend liet keazen. It liet pike der neffens de sjuery kwa taal en bylden boppe út en foldie oan alle easken dy’t oan in moai ‘Jûnsliet ‘steld wurde koe.
David de Jong hat in passende, sjongbere wize foar it liet makke.

Klik hjir foar it Jûnsliet.

Lês hjir it sjueryrapport

Matteús evangeelje opnij oerset

fries_matteus_cover(1)-page-001

De Stifting FB21 (Fryske Bibeloersetting foar de ienentweintichste ieu) publisearret yn jannewaris it Evangeelje fan Matteús yn in nije Fryske oersetting.

Op ’e webside fan Krúspunt ferskynt oan dan ta alle wiken in priuwke mei taljochting fan ’e oersetter: hieltyd it stik dat foar de kommende snein op it liturgysk roaster oanjûn stiet.

Foar snein 26 novimber: Matteús 24:14-35 (hiene jo noch tegoede)

Foar snein 10 desimber: Matteús 3:1-12

Opmerkings en fragen binne tige wolkom op L.H.Westra, en as se har dêrta liene, is it mooglik dat se in wike letter pleatst wurde, mei in antwurd fan ’e oersetter.

Op termyn moatte alle fjouwer Evangeeljes en wa wit gruttere parten fan ’e Bibel yn in nije oersetting ferskine, en dêrfoar sille dan ek ferskate groepen fan meilêzers socht wurde. In diskusje op ’e webside fan Krúspunt kin dêr in moaie oanset ta jaan!

 

Nijsberjochten

Utljochte

Ofskie bernetsjinst

“Krúspunt” wol lieten ûnder de oandacht bringe dy’t de muoite wurdich binne om songen te wurden en dêr’t te min omtinken foar is. De kommende moannen wurdt der ien liet út de bernebondel ‘Tusken rein en sinne’ publisearre. Dizze kear in advintsliet:
Lytse kears 3

Klik op de ôfspylknop om it liet te beharkjen.

Klik hjir foar alle fiif fersen.

It liet wurdt songen troch leerlingen fan Kristlike basisskoalle “De Wingert”, Drachster Kompenije û.l.f. Egbert Klazenga en se wurde op de piano begelaat troch Rein Ferwerda.

Dielnimmende organisaasjes

Binne jimme in organisaasje dy’t de Fryske taal of in Fryske streektaal brûkt by kristlik-spirituele en/of tsjerklike aktiviteiten? Slút jim dan oan by Krúspunt. Der binne al in soad organisaasjes dy’t har by Krúspunt oanslúten hawwe, lyk as:

En noch folle mear! Sjoch foar in oersicht de side Dielnimmende organisaasjes. Twifelje net langer en meld jo organisaasje oan!

Oanmelde by Krúspunt