Fiif histoaryske Fryske preken

Fiif histoaryske Fryske preken

De preek fan Geart Ailco Wumkes op 3 jannewaris 1915 kaam net út ’e loft wei fallen. Oaren hiene yn eardere jierren al ris in Fryske preek of tsjinst weage; Wumkes wie de earste dy’t dat yn in ‘gewoane’ tsjinst op sneintemoarn die.

Om dêrby stil te stean, om nei te tinken oer wat dat foar dy tiid betsjutte, en fansels om de sitewaasje fan hjoeddedei ek wer ris tsjin it ljocht te hâlden, is der in boekje ferskynd: “Pioniers sûnder Folgers”. Yn dat boekje steane skôgings fan Abe de Vries, Liuwe Westra en Koen Zondag, mei tuskentroch in Fryske preek fan domeny Sibe Kornelis Bakker dy’t dy yn 1914 yn Frjentsjer hold, en de bekende preek fan Wumkes.
Nei de feestlike prissentaasje op Pinkstersnein yn ’e tsjerke fan Tsjom is it boekje te bestellen by adm@kruspunt.nl. It boekje kostet € 7,75 inkl. ferstjoerderskosten.

Wolle jo alle fiif histoaryske Fryske preken neilêze, dan kin dat no ek fia dizze webside. De preken fan ds Bakker, ds Huismans, ds Wartena, ds Wumkes en ds De Zee kinne jo fergees oanklikke en ophelje. De tekst is op basis fan útjeften út dy tiid, mar wol omstavere. As der dúdlike flaters yn stiene, binne dy ferbettere.