‘Abba Vader’ yn ’t Frysk

‘Abba Vader’ yn ’t Frysk

Abba Heit

Jowes bin ik, Abba Heit,
en fan oars gjinien.
Wat Heit wol en wat Er seit
bin ik tagedien.
Leafde dy’t ús nea ferlit,
set myn hert yn fjoer.
Jowes bin ik, Abba Heit.
Jezus kocht ús djoer.

Jowes wêze, Abba Heit,
hiel myn hear en fear.
Bring wat djip ferskûle leit
ûnder Jo regear.
Lûkt de kjeld my dochs yn ’t hert,
kom dan mei Jo fjoer.
Jowes bin ik, Abba Heit,
Jezus kocht ús djoer.