Advint, ûnderskiede wêr’t it om giet

Advint, ûnderskiede wêr’t it om giet

ADVINT 2008 – ÛNDERSKIEDE WÊR’T IT OM GIET

  Filippiërs 1: 9,10a ‘En hjir bid ik om: dat jimme leafde noch oerfloediger wurde mei troch kennis en alle goed oanfielen, om ûnderskiede te kinnen wêr’t it om giet.’

Gûle en laitsje
De Bertetsjerke yn Betlehem wurdt beheard troch trije tsjerkegenoatskippen. Foarich jier wie it der mei de Kryst wer slaande deilis. Der waard fochten mei biezemstokken en stiennen. Oanlieding: in pryster fan de iene groep hie in stap setten op it stik fan de tsjerke dat oan in oare groep taparten wie. In pear wike ferlyn lies ik yn ‘e krante dat it der yn de Hillich Grêftsjerke yn Jeruzalem krekt-en-allyk om en ta giet. En dan mei ljochters as wapens. De kaai fan dy tsjerke is sels al sûnt tiden yn behear by in moslimfamylje, dy’t gjin party is yn it konflikt. It binne ferhalen om te gûlen en te laitsjen. As men der mar om gûle of laitsje kin en net mei de blynkapen foar mar troch- en trochgiet.

Underskiede wêr’t it om giet
Oan it begjin fan it nije tsjerklike jier, yn de tiid fan Advint, stiet Paulus’ brief oan de Filippiërs as mooglikheid op it lesroaster fan de tsjerken. Paulus skriuwt oan de gemeente: ’Ik bin der wis fan, dat Hy dy’t in goed wurk yn jimme begûn is, dêr mei trochgean sil oant it klear is. (1:6)’ Hoefolle romte is der foar dat goede wurk fan God yn ús? Of drave wy ek troch mei blynkapen foar? Efkes fierder skriuwt Paulus: ‘En hjir bid ik om: dat jimme leafde noch oerfloediger wurde mei troch kennis en alle goed oanfielen, om ûnderskiede te kinnen wêr’t it om giet. (1:9,10a)’ Advint is in tiid fan ynkear, fan stilte en besinning. In goede tiid om ris stil te stean, te betinken en te ûnderskieden: wêr gong it ek al wer om? Wêr giet it om yn myn libben, yn ús húshâlding, op ús wurk, op skoalle, yn it doarp, yn de tsjerke?

Hy hat Himsels priisjûn
Wy binne tink ik net sa botte oars as dy minsken dêr yn Betlehem en Jeruzalem. Ek ik fiel dat ik myn plakje befjochtsje moat of wol. Ek ik kin der betiden mar min oer as in oarenien in stap op myn stikje grûn set. Mar as ik dan efkes stilstean – en dy Filippiërsbrief lês – dan betink ik hoe lyts myn leafde noch mar is, hoe’t myn kennis beheind wurdt troch myn eigen bril, hoe’t myn oanfielen ferfoarme wurdt troch myn eigen behoeften. Paulus skriuwt fan de Hear Jezus dat Er alles priisjûn hat, dat Er alles loslitten hat (2:7). Hy is leech wurden fan al syn eigen easken, plannen en behoeften, om fol te wurden fan it goede wurk dat God yn Him begûn is, om fol te wurden fan de leafde. En dêrom hat God Him ek op it alderheechste plak set, as ljocht en heil foar de hiele wrâld.

Ferjitte wat efter my is en rikke nei wat foar my leit
Troch dy Hear is Paulus grepen, troch syn leafde wurdt Paulus oanstutsen (3:12,13). ‘Net dat ik al folslein bin’ seit Paulus, ‘mar ik sit der efteroan. Ien ding haw ik foar eagen: ferjitte wat efter my is en rikke nei wat foar my leit. Ik rin sa hurd as ik kin op it doel ta.’ Sa giet Paulus de apostel ús foar op de wei: romte meitsje foar Gods goede wurk yn ús, ien wurde mei Kristus Jezus, fol wurde fan syn leafde.

ds. Tytsje Hibma