De Baltimore Tekst
Bliuw kalm by alle drokte en haast om dy hinne,
en betink, wat in frede der fan stilte út gean kin.
Hâld alle minsken ta freon, sûnder it sels te belijen.
Kom rêstich en klear foar dyn miening op, en harkje nei oaren:
ek dy hawwe wat te fertellen.
Bliuw by skreauwerige en agressive minsken út ‘e buert:
der ha je mar argewaasje fan.
Ast dysels fergelikest mei oaren,
soeste eigenwiis en grimmitich wurde kinne,
want der sille altyd minsken wêze
dy’t minder of mear yn ‘e marse hawwe as do.
Genietsje sawol fan watsto berikt hast
as fan watst noch fan plan bist te dwaan.
Bliuw niget hâlden oan dyn eigen wurk,
hoe ienfâldich dat ek wêze mei:
je witte wat je ha en net wat je krije.
Hâld yn saken de kop derby,
want de wrâld sit fol bedroch.
Mar lit dat dy net fan t stik bringe
en haw each foar de besteande deugd:
party minsken stribje hege idealen nei,
en rûnom is it libben fol heldemoed.
Ferbrek dy net.
Doch dy net aardiger foar dan ast bist.
Mar doch ek net leechachtsjend oer de leafde,
want by alle dommens en ûntefredenens bliuwt dy ivich as it gers.
Libje dyn jierren dy t geane mei graasje,
langje net werom nei de tiid dy’t west hat.
Besykje linich fan geast te bliuwen
sadat ast ûnferwachte klappen krijste der net ûndertroch gieste.
Mar tink net te swier troch oeral apen en bearen te sjen.
In protte eangstme ûntstiet troch wurgens en iensumens.
Lis dysels in sûne dissipline op, mar fa! dysels net te hurd.
Do bist in bern fan it hielal,
net minder as de beammen en de stjerren.
Do hast it rjocht te bestean,
en ek al is it dy al of net dúdlik,
dochs komt it mei it hielal sa ’t it komt,
en sa is it goed.
Haw dêrom frede mei God,
watst ek fan him tinkst en ferwachtest,
en wat dyn wurk en aspiraasjes ek te betsjutten hawwe:
bewarje de frede mei hert en siel yn ‘e skreauwerige betizing fan it libben.
Mei alle poeha, trystens en ferfleine dreamen
is dit dochs in prachtige wrâld.
Kom sa ‘st biste.
Besykje lokkich te wurden.
Tekst fûn yn ‘e âlde St. Paulustsjerke te Baltimore, datearre 1692.
(De tekst skynt yn wurklikheid njoggentjinde-ieusk te wêzen.)
Oersetting: Willem Noordhuis