De ‘Raad van Kerken’ yn Fryslân

De ‘Raad van Kerken’ yn Fryslân

De ‘Raad van Kerken’ is yn Fryslân wol bekind. Dochs hjir in lytse útiensetting wêr’t de ‘Raad van Kerken’ yn Fryslân mei dwaande is. De Rie wol in spin yn it web fan de oekumene wêze. It is in platfoarm wêr’t ferskate wurkgroepen en projektgroepen harren ferhaal kwyt kinne en dêr’t de RvK mei yn petear giet. Yn in jier komt der in ferskaat oan minsken en organisaasjes lâns. Bygelyks ús ôffeardige yn de Rie fan ôffeardigen fan Omrop Fryslân oant de ôffeardige fan de ‘Earme kant’ fan Fryslân. Mar ek ‘Tsjerken en minsken mei in ferstanlike handikap (KMVH)’ en ‘Wurkgroep Leauwe en Homoseksualiteit’ en ‘Kleurryk Fryslân’.

Yn de RvK sitte ôffeardigen fan:

– Roomsk Katolyke Tsjerke,
– Protestantske Tsjerke Nederlân,
– Menniste Sositeit,
– Remonstrantske Bruorskip,
– Leger des Heils,
– Frije Evangelyske Gemeenten,
– En as gastlid: Ald Katolyke Tsjerke,
– En as waarnimmend lid: Kristenmienskip.

Fierders binne der adviseurs fan Maatkiplik wurk (RK/PKN Maatskiplik Aktyvearingswurk) en fan platfoarm ‘Kleurrijk Friesland’ en fan ‘Contact Moslims-Christenen’. De RvK komme 7 keer yn it jier byelkoar. Der binne sa’n 50 pleatslike oekumenyske groepen dwaande. Yn de provinsje Fryslân binne wat dat oanbelanget de measte pleatselike wurkgroepen. Tsjerkepaad is ek in wurkgroep fan de RvK.

Webside fan de ‘Raad van Kerken’ yn Fryslân.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

een × 3 =