De tsien stellingen fan Noordmans
It Frysk mei yn tsjerke net brûkt wurde as middel yn de Fryske taalstriid sa wurdt der ornearre. Fansels net, mar it Hollansk likemin. Der mei troch it Frysk gin twaspjalt yn de gemeenten ûntstean sa wurdt der warskôge. Mar der is al twaspjalt troch de iensidich yn stân holden Hollânsktalige tsjinsten. Dy bringe net allinnich in keunstmjittige skieding tewei tusken Hollânsktalige en Frysktalige leden, mar ek tusken it libben en it leauwe fan dy leden. It Hollânsk as iennichste taal fan tsjerke en leauwe yn Fryslan bringt twaspjalt yn de Fryske sielen tewei. Mar gjin godgelearde liket dêr ea wekker fan te lizzen.