Dieredei

Dieredei

DIEREDEI 2009 – LEGE HANNEN FOL FREUGDE

Mattéus 5:3  ‘Lokkich de earmen…’

Snein is it dieredei, de nammedei fan Sint Fransiskus. Begjin foarich jier wie ik yn Reahûs yn de Sint Martenstsjerke by de presintaasje fan ‘Wurden fan de Berch’, de nije liturgy fan Eppie Dam en Hindrik van der Meer. Coby de Boer fertelde ús dêr oer de acht brânskildere tsjerkefinsters mei de lokkichprizingen, dêr’t Jezus’ wurden fan de berch mei begjinne. ‘Lokkich de earmen’ stiet op it earste finster, mei in ôfbylding derby fan Sint Fransiskus.

Fransiskus wie de soan fan in rike keapmansfamylje. Hy wie in feestfierder en woe graach in held wurde. As ridder focht er yn 1202 yn de striid tusken Assisi en Perugia. Mar Assisi waard ferslein en Fransiskus siet in jierlang finzen yn Perugia. Dêrmei begjint in tiid fan ynkear en sykjen. Nei’t syn heit him frijkocht hat, giet er yn 1205 mei in nij leger nei Apulië. Mar ûnderweis kriget er in dream dat er werom moat nei Assisi en dêr syn bestimming fine sil. Op in dei riidt er op syn hynder yn ‘e omkriten fan Assisi en moetet er in groep melaatsken. Ynstee fan dat er mei in bôge om dy ûnreine, besmetlike minsken hinne draaft, stapt er ôf en omearmet er ien fan harren. Letter skriuwt er dêr oer yn syn Testamint: ‘Doe’t ik by harren weigong, wie wat my bitter like, foar my feroare yn swietens nei siele en lichem; en ik wie der dêrnei noch in skoftke fol fan en haw de wrâld ferlitten.’ Yn dyselde tiid giet er geregeldwei nei it ferfallen tsjerkje fan San Damiano om te bidden. Dêr heart er in stim sizzen: ‘Fransiskus, bou myn hûs wer op, want do sjochst dat it op ynstoarten stiet’. Dan ferkeapet Fransiskus syn hynder en keapwaar en sil it tsjerkje opknappe. Syn heit is poerlilk en lit it foar it rjocht komme, foar de biskop wie dat yn dy tiid. En dêr by de rjochtsaak op it plein docht Fransiskus syn klean út, leit se foar de fuotten fan syn heit del en docht foargoed ôfstân fan al syn besit. Fransiskus giet fierder, siket oare ferfallen tsjerkjes op en bout geandewei oan de tsjerke fan Kristus, mei stiennen en mei Geast.

Op in kear fertelt Fransiskus oer freugde. Witsto wat echte freugde is? Dat wy te hearren krigen dat alle professoaren har oansletten hiene by ús oarder? Dat alle prysters, biskoppen en keningen har by ús oansletten hiene? Dat wy alle ûnleauwigen bekeard hiene? Dat ik siken genêze koe en wûnders dwaan? Nee, dat is gjin echte freugde. Mar stel, ik soe yn ‘e winter, midden yn ‘e nacht, mei de iispegels oan myn habyt en myn fuotten yn ‘e modder en snie oanklopje by ús eigen kleaster. En as ik myn namme sei, dan soe de broer dy’t iepen die sizze: ‘Gjin wei man, dit is dochs gjin tiid om oan te kommen’. En as ik der op oanstie, dan soe dy broer sizze: ‘Gean wei man, sa’n simpele siel binne wy hjir net brek. Wy binne fan in oar nivo’ En as ik dan noch ienris frege: ‘Om ‘e leafde fan God, lit my foar ien nacht binnen!’ dat dan dy broer sizze soe: ‘Dat doch ik net. Gean mar nei de buorlju!’. Dat ik dan myn geduld bewarje soe en net lilk wurde. Dat is echte freugde.

Fransiskus hat yn ‘e spegel sjoen fan it evangeelje. Hy hat ûntdutsen dat God ús yn Jezus omearmet, dat wy der yn syn leafde wêze meie, hielendal wêze meie, hoe ûnrein en besmetlik wy der ek oan ta binne. Hy hat ûntdutsen dat echte freugde net te finen is yn eat dat wy besitte of prestearje, mar allinnich yn de lege hannen dy’t wy iepen hâlde om de leafde fan God te ûntfangen. En troch te jaan.

ds. Tytsje Hibma