Doopliet Aggie vd Meer
Doopliet
Earst is dêr it wylde wetter,
tsjuster en gjin fisk te sjen,
gjin hân is dêr foar eagen
net ien dy’t al wat wurden ken.
Earst is dêr de geast fan ieuwen,
dy’t krêft is, witten, fjoer
mar dy’t noch nergens daget
fan tiid net wit en dei en oer’.
Pas wannear’t de geast it wetter
bekenne wol en leafde jout
kinne minsken berne wurde
wurdt har in nije ierde boud.
En dan sille minsken leavje,
berntsjes krije nei har byld,
seine yn it hillich wetter
dêr’t de geast har jeften dielt
En altyd sil it minsken daagje
biede sy it bern in dak,
yn ‘e waarmte fan ‘e mienskip
krijt it libben syn gerak.
Aggie van der Meer
It liet is skreaun foar Tjitte Muizelaar, doe dirigent fan it bernekoar fan de Martinitsjerke. Hy hat der muzyk op makke. Se hawwe it ferskillende kearen by dooptsjinsten songen. Ek “Yn ‘e Lijte” hat is op syn repertoir.