Dr. W.A. van Es en it Frysk

Dr. W.A. van Es en it Frysk

Dr.W.A. van Es en it Frysk

Nei oanlieding fan Op ús eigen wize, it moaie boek fan ds. Hinne Wagenaar oer taal en kultuer yn tsjerke, haw ik kontakt hân mei in pear Fryske emigranten yn Amearika. De iene (Henk Baron) waard heechlearaar Ingelsk oan Calvin College yn Grand Rapids, de oare (Lieuwe Tamminga) dûmny yn de Christian Reformed Churches yn Amearika en Kanada. Yn myn korrespondinsje mei harren neamde ik de namme fan dr. W.A.van Es, in pommerant yn de grifformearde wrâld. Hy, in Kuyperiaan in ieren en sinen, wie fan 1904-1939 skepper en skriuwer yn it grifformearde fermidden yn Ljouwert.

Van Es wie in ferklearre tsjinstanner fan it Frysk yn tsjerke. Hy sei dat it Hollânsk troch God jûn wie; it Frysk wie goedernôch foar it bûthúsbankje en de keukenstafel. Jan Popkema jout yn syn stúdzje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu mear foarbylden fan it hâlden en dragen fan Van Es.

Ds. Lieuwe Tamminga skreau my dat der by him thús geregeldwei oer Van Es praat waard, net bepaald yn positive sin. Op in stuit kaam der in kâns op in Fryske preek yn ien fan de Ljouwerter grifformearde tsjerken. Ds. Cees van der Woude (de lettere heechlearaar yn Kampen) soe yn de tsjinst foargean. Dat noaske Van Es net. Frysk yn in tsjerke? Gjin sprake fan! Dat soe ûnthilliging betjutte. De Ljouwerter frysksinnige grifformearden namen doe it beslút om it gebou fan ‘Christelijke Belangen’ foar de tsjinst te hieren. De seal rûn fol, op ’t lêst wiene der gjin stuollen mear te besetten. In waard in feestlike tsjinst, dûmny Van der Woude hie it neffens de âldere broers fan Lieuwe Tamminga ‘kranich dien’. Dat de macht fan Van Es sa grut wie, wie my ûnbekend en dêrfandinne dat ik it ferhaal fan Lieuwe Tamminga (mei syn tastimming) hjirby troch jou.

Der binne gjin Van Essen mear, mar ûnferskilligen oangeande it Frysk yn tsjerke binne der op en ûnder de stoel mear as genôch. Men soe suver hoopje dat hja harren ris oppenearren. ‘k Bin lykwols bang dat harren argumintaasje noch smeller is as dy fan Van Es.

Koen Zondag
Feanwâlden, 14 april 2016

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

16 − tien =