Folle lok en seine foar 2022

Folle lok en seine foar 2022

Nei twa drege Koroana-jierren meije wy sa geande wei hoopje op bettere tiden, wannear wy elkoar wer moetsje kinne sûnder grutte swierrichheden. Wy hoopje it kommende jier in ‘gewoane’ Krúspuntdei te fieren. Wy sille dan ek Bernard Smilde betinke. It is dan 100 jier lyn, dat hy berne is. Wy hoopje ek noch in dei oer leauwe yn Fryslân te organisearjen. En fansels momenten wêr’t wy sjonge sille út de nije bondels, dy’t wy nou ha.

Folle lok en seine is in siswize, dy’t elke Fries wol ferstiet, mar fierders is it wurd ‘seine’ yn dizze betsjutting út it Frysk ferdwûn. Hinne Wagenaar brûkt yn syn boek[1] ‘Zalige eenvoud’ it wurd ‘segen’. Mar miskien hie it wol moaier west as hy by syn oersetting fan de ‘lokkichprizingen’ fan Jezus dizze siswize brûkt hie:

Lok en seine krije de earmen fan geast
Lok en seine krije wa’t treurje
Lok en seine krije de sêftmoedigen
Lok en seine krije wa’t honger en toarst hawwe nei gerjochtichheid

Jezus brûkt itselde wurd as de dichter fan psalm 1: ‘Hoe gelokkich is de man dy’t op ‘e rie fan de ferkearden net yn giet’. It Hebriuwske wurd is hjir ‘a-sh-ré’. Dat wurd betsjut oarspronklik ‘plak’. Yn it Frysk ha wy de útdrukking: hy of sy is te plak, en dêrmei bedoele wy dat immen presys it plak fûn wêr’t er heart en ta syn rjocht komt. We soene oersette kinne: ‘te plak tsjinoer God en minsken binne de dejingen, dy’t net yn geane op ‘e rie fan de ferkearden.

By it wurd ferkearden brûkt it Hebriuwsk hast deselde letters, mar dan yn de oare tsjinstelde rjochting: ‘ra-sh-a’, de minsken dy’t net op it goede plak binne. Ferkeard is dêrom wol in moaie oersetting.

Jezus’ wurden binne in boadskip oan de gewoane minsken, dy’t massaal op him ôf kamen. Dy minsken wiene der mei oan. Nei de ballingskip wie troch de skriftgelearden en prysters grutte neidruk lein op it sa presys mooglik bestudearjen en neilibjen fan de wetten fan Mozes. Sy wisten it allegeare presys. It gewoane folk, dat wie it folk dat de wet net koe. Dat gewoane folk krige ek noch ris de skuld fan alles wat der yn Israel ferkeard gien wie en gie. Mar Jezus giet dêr dwers tsjinyn: nee, jimme earme minsken, dy’t der net útkomme, dy’t der net foar leard ha, dy graach wizer wêze woene, jimme bin op it goede plak tsjinoer God en minsken. Dat wie syn goede boadskip.

We soene dat ek nei dizze tiid oersette kinne. As wy net goed witte hoe’t it allegear fierder moat yn dit kommende jier, as wy treurje om alles wat der misgiet, as wy net goed witte wat wy oan moatte mei it tsjerklik libben yn Fryslân, mei Kristlik Frysk wêzen, dan binne wy miskien wol mear op ús plak tsjinoer God en minsken, as elk dy it presys seit te witten hoe ’t it fierder moat. Mar wy sille net stil sitte. Wy besykje in stap fierder te kommen.

En dan meie wy lok en seine ferwachtsje.

[1] Dit giet oer de Fryske oersetting fan de ‘Zaligsprekingen’ yn it learsume boek fan Hinne Wagenaar. Zalige eenvoud. Útjouwer Noordboek. 2019