FOW Hjerbeam

FOW Hjerbeam

FOWH stiet foar Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam.

It doel is om geregeld yn de tsjerke fan Hjerbeam Fryske earetsjinsten te hâlden en sa tagelyk mei te wurkjen om de doar fan de tsjerke iepen te hâlden.

Kontaktpersoan: Skriuwster  Marijke van der Pol – Jorna
Postadres         : Klaarkampstrjitte 24, 8801 BD Frjentsjer
Emailadres       : marijkejorrepiek@hotmail.com

Op snein 26 april wie it 40 jier lyn dat it Frysk Oekumenysk Wurkferbân yn Hjelbeam út ein sette. Dat waard betocht mei in feestlike fesper mei Klaas Visbeek as foargonger en Evert Dykstra op it oargel. Dêrnei waard in boekje oanbean dat de 40-jierrige skiednis koart beskriuwt, mei gâns foto’s, skreaun en gearstald troch Gerrit Zagema. Elk koe fergees in eksimplaar meikrije, en salang’t der binne, binne se foar dyselde geunstige priis te besetten by Paulus Hettinga: 0517-452331 of p.hettinga2@kpnplanet.nl.

It waarme wolkomswurd fan Paulus Hettinga joech presys oan, wat Hjelbeam sa’n wichtich inisjatyf makket. It wolkomswurd kinne jo hjir lêze.