Fryske fesper 25 juny 2023 yn Ljouwert

Fryske fesper 25 juny 2023 yn Ljouwert

Oan ‘e ein fan it seizoen fiere wy yn juny, en wol de 25e, wer in Fryske fesper. Dat sil wêze yn ‘e Ljouwerter Grutte of Jacobiner tsjerke de jûns om 19.00 oere.

Wy binne bliid dat net allinne de minsken yn tsjerke de fesper fiere. Digitaal is dat ek wer mooglik en hite wy dy harkers fan herten wolkom om de tsjinst mei ús mei te fieren. Dat kin fia de site http://tiny.cc//jacobijner, sjoch fierder op www.jacobijner.nl. Yn dizze tsjinst sil foargean ds. J.P. Wassenaar fan Hellendoorn, wylst Tryntsje van der Veer de lêzingen fersoarget. Diskear neame wy de fesper in oargelfesper, om’t Peter van der Zwaag mei syn oargelspul yntinser as oars it muzikale part foar syn rekken nimt.

Omdat it de lêste fiering is, wolle wy nei de tsjinst jim graach in kopke kofje of tee mei koeke oanbiede om noch even nei te praten.

Graach hite wy jim fan herten wolkom by dizze lêste fesper-fiering fan it seizoen. De folgjende fespers sille by libben en wolwêzen fan ‘t hjerst plak fine op 24 septimber, 22 oktober en 26 novimber.