Fryske fesper op 28 maaie 2023

Fryske fesper op 28 maaie 2023

Op snein 28 maaie 2023 hoopje wy wer in Fryske fesperfiering te hâlden. En wol yn de prachtige Jacobiner tsjerke yn it sintrum fan Ljouwert. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.

Foargonger yn dizze fiering is ds. W. Tinga fan Grins en Jant van der Weg nimt de psalmlêzing en de foardracht op har. De sjonggroep Kwint út Wommels soarget tegearre mei oargelist Peter van der Zwaag foar de muzikale bydrage. En fansels kinne wy as gemeente ek sels by dat lêste ûnderdiel aktyf wêze troch meiinoar te sjongen.

Wy binne bliid dat troch de digitale ferzje fan de tsjinst hiel wat mear minsken meifiere kinne. Fansels kin dat net om ‘e nocht en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.

Prachtich is it dat de fesper diskear op Pinkster fierd wurde kin, tige passend by it Fryske karakter derfan.

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta.

De lêste fiering fan dit seizoen sil wêze op 25 juny o.s. en nei de simmerfakânsje pakke wy de tried yn september wer op.