Gean yn jo Keammerke

Gean yn jo Keammerke

Mattéus 6:6  ‘Gean yn jo keammerke’

Simmertiid, tiid foar in protte minsken om ta rêst te kommen, op reis te gean en wat fan de wrâld te sjen. Tiid om der op út te gean en tiid om nei binnen te kearen. Lêsten gong ik foar yn in tsjinst, dêr gong it oer bidden, oer de bekende wurden fan Jezus út Mattéus 6: ‘Ga in uw binnenkamer’. Dy tsjinst bliek ûnferwachte in Fryske tsjinst en sa lies ik ûnferwachte de prachtige oersetting fan dizze wurden: ‘Gean yn jo keammerke.’ Dat keammerke, sa leart it oarspronklike wurd, dat is de foarriekeamer, de skatkeamer fan it hûs. Gean yn jo keammerke. Wêr’t wy ek binne, dat keammerke kinne wy altyd binnengean om de moeting mei God te sykjen.

ds. Tytsje Hibma