Gebedstsjinst om ienheid fan de tsjerken preek fan ds. Magré
‘De ferwachting fan it Keningskip fan God en de ienheid fan de tsjerken’. Dit is de titel dy’t ds. P. Magré mei jaan wol oan de preek dy’t hy yn it ramt fan de gebedstsjinst om ienheid fan de tsjerken skreaun en holden hat.
It trochfertellen fan de bibelske ferhalen en it libben hâlde fan de bûnte kristlike tradysje bliuwt fansels de haadsaak. As praktyske útwurking soenen de tsjerken en de kristenen har der mear en mear op talizze kinne om spesjalisten en helpen te wurden yn it behearskjen fan konflikten yn alle skiften fan de maatskippij, yn alle fermiddens. Soe it oanheakjen by de dynamyk fan de Geast en wurkjen oan fersoening op alle mêden, hoe dreech en gefaarlik it somtiden ek wêze mei, net in better tsjûgenis fan Gods hanneljen yn Jezus Kristus wêze as wy yn it ferline sjoen hawwe litte.En soenen wy sa net oer de grinzen tusken de ferskate tsjerkemienskippen hinne groeie?