Geloofsbelidenis

Geloofsbelidenis

Yn de tsjerken binne ieuwen lang belidenissen brûkt om koart en düdlik oan te jaan wat de kearn fan it leauwe ynhâld. Sa njonkenlytsen binne der hiel wat offisjele belidenissen ûntstien en/of yn eigen wurden opskreaun of op ‘e nij oerset.

Hjirûnder in opnij ferwurde geloofsbelidenis.

Ik leau yn God, de Skepper,
dy’t de himel en de ierde makke hat,
dy’t minsken foarme nei syn byld
om meiinoar yn leafde en trou te libjen
en soarch te dragen foar syn skepping.
Ik leau yn Jezus, de Messias,
it wurd fan God dat libben bringt,
it ljocht fan God dat yn it tsjuster skynt.
Hy kaam fan God en waard in mins allyk
en minder, ferlitten en ferachte oan it krús.
Hy droech de lêst, de skuld oan’t yn ‘e dea,
hy bleau God trou en hie de minsken leaf
Dêrom hat God him heech ferhege
en hy is opstien út ‘e dea.
En mei him meie wy ferrize
en libje God temjitte.
Ik leau yn de Hillige Geast,
it fjoer fan leafde en barmhertichheid,
de wyn fan frede en fan rjocht.
Hy bringt ús byinoar yn Jezus’ namme
as leden fan in lichem om inoar te tsjinjen,
om sâlt en ljocht te wêzen yn ‘e wrâld.
Ik leau dat wy sa libje meie,
út Gods genede, dy’t de sûnden net mear telt.
Ik leau wy binne kostber yn syn eagen,
by ljocht en tsjuster feilich yn syn hân,
yn tiid en ivichheid.
Amen.

Peaske 2001