Hânsume Help

Hânsume Help

“Hânsume Help” is de namme fan in rige fan seis digitale wurkboekjes foar it Kristlik gemeentelibben, benammen mei it each op de foarming fan nije gemeenten. Yn de krimptiid foar de tsjerken ha guon minsken de moed hân om net oan fusy, mar oan fernijing en útwreiding fan besteande gemeenten te tinken en oan oprjochting fan nije gemeenten. Alles, dat yn it gemeentelibben in plak ha kin, wurdt yn dizze rige besprutsen, útsoarte alhiel yn it Frysk.
De rige is ûntstien út in jierrenlange praktyk fan Fryske taalkursussen fan de Afûk foar Hollânsktalige dûmnys. It gie dy dûmnys net allinnich om teksten, mar ek om de wize fan presintearjen. Fandêr de namme “Hânsume Help” (mei in knypeach nei sawol de húshâldlike help as nei de tradysjonele bemoedigingswurden oan it begjin fan in tsjerketsjinst).
De strekking fan alle teksten is safolle mûglik neffens de tradysjonele teksten fan de kalvinistyske en evangelyske tsjerken, dêrneist oekumenyske teksten. Tankber is gebrûk makke fan de Noardfryske luterske liturgy- en sangbondel “Loow nü e Hiire”.

Op elk ûnderdiel binne farianten jûn.

De seis wurkboekjes begjinne mei diel 1: it foarmjen fan in subgemeente, dat kin in wykgemeente yn wurding wêze, mar ek in oarsoarte mienskipsfoarm yn in besteande gemeente. Dêrneist wurdt it foarmjen fan alhiel nije gemeenten besprutsen.

Diel 2 giet oer it dielnimmen oan nije of fernijende gemeenten troch sydlings belangstellenden, gasten, gastleden, jeugdleden, doop- en belidende leden. Dêrby spilet it wetterbad in rol as ek it dielnimmen oan de tafelmienskip.

Diel 3 jout modellen foar it oefenjen yn de hieling fan geast, siel en lichem. Dat kin yn hielingsgearkomsten, bychtgearkomsten, yn arbeid en yn houlik.

Diel 4 jout preekmodellen oer de amten fan diaken, presbyter en preker yn bibelsk en histoarysk perspektyf.

Diel 5 jout de stof fan de heidelberger kategismus, yn parafrase en omset yn de folchoarder fan it tsjerklik liturgysk jierskema. De oarspronklike folchoarder is werom te finen trochdat de nûmering dêrfan oernommen is.

Diel 6 folget de sneinske tsjerketsjinst. Mei sin is dy as lêste diel opsteld, omdat oan de iene kant dêrmei de wike iepengiet, mar oan de oare kant it hiele tsjerklik libben dêryn útkomt.

DE TITELS FAN DE WURKBOEKEN BINNE:

1. subgemeenten, nije gemeenten (klik hjir op subgemeenten om de tekst te lêzen/printsjen)
2. nije leden, wetterbad, tafel
3. hieling, bycht, arbeid, boask
4. diakonaat, episkopaat, ferkundiging
5. evangeelje yn fraach en antwurd
6. de wike giet iepen

BESTELWIZE:

De Hânsume Help stiet noch net op ynternet. Se is allinnich oer de epost te bestellen. Alle seis dielen binne los fan inoar te krijen. Fia de epost binne se fergees. Wol men se op papier ha, dan betellet men 10 sinten de bledside. Yn boekjefoarm navenant mear. Dat is net oan te rieden, as jo sels kopiearje kinne. Jo kinne earst fergees de digitale foarm krije en besjen en hâlde, foardat jo in bestelling dogge fan de papierene foarm.

Ds. P. Hekstra (is yn 2018 ferstoarn)