Hillige omgongen
Hillige omgongen.
‘Oant yn ‘e fiere omkriten moast it galmjen fan de klokken te hearren wêze. Trije kear soene se om de tsjerke hinne moatte. In heidenske gewoante om de kweageasten mei op in distânsje te hâlden. Hoefolle fan it fromme folkje soene dat witte? Sa beskriuwt G.Willem Abma de âlde seremoanje by de begraffenis fan ‘e heit fan ‘e haadpersoan yn ‘it Orakel’. By de frommen fine je respekt foar de hillige omgongen yn Jeruzalim (Ps. 26:6). Kenners fan ‘e klassike kultuer prate mei bewûndering oer de steatlike ‘Turnus Sacralis’ fan Griken én Romeinen. Mar ús eigen brûkmen wurde sjoen as byleauwe, magy enduvelseangst. Net allinne ferljochte skriuwers sjogge it sa; de deagraver yn Wâldsein seit it ek: ‘It moast út wêze dêrmei: allegearre bygeloof”.
Hoe heidensk is it as je by in begraffenis trije kear om de tsjerke hinne moasten? Is it allinne mar folklore en byleauwe of is dizze tradysje it wurch om yn stân hâlden te wurden?