In loflik tsjûgenis oer ds.Sipke Huismans

In loflik tsjûgenis oer ds.Sipke Huismans

In loflik tsjûgenis oer ds. Sipke Huismans

De behearder fan it argyf fan de eardere Grifformearde tsjerke yn Eanjum, de hear Hendrik Tilma, wiisde my yn ‘e maitiid fan 2016 op in boekje oer de skiednis fan de skoalle foar Kristlik Nasjonaal ûnderwiis yn dat doarp. It ferkynde yn jannewaris 1927 by gelegenheid fan it sechtich bestean fan dy skoalle. It waard skreaun troch de skriuwer fan it skoalbestjoer de hear T.v.d. Herberg (1878-1936), de titel wie Na zestig jaren – De christelijke school1866 te Anjum 1926.
Nei’t de skiednis koart en saaklik werjûn is, krije acht haden fan skoalle de gelegenheid om harren jierren oan dy skoalle yn Eanjum te beskriuwen. Ien dêrfan wie Tj. Plantenga, hy ferfolle dy funksje fan 1909-1918. Yn syn bydrage neamt er ds. Sipke Huisman. Hy skreau nei’t er de goede ferhâlding mei it skoalbestjoer neamd hat:

En al spoedig bleek, dat men ook ’s Zondags genieten kon. Die mooie preeken van Ds. Huismans, soms in gespierde, maar altijd in mooie, doorvoelde taal gegeven, lieten een verrassend licht over bijbeluitspraken opgaan, en waar een onderwijzer bij zijn Bijbelsch onderwijs altijd geven moet, daar was het te meer aangenaam op Zondag te ontvangen. Bovendien was hij hoogst gevoelig en toegankelijk voor vriendschap. Ik wilde deze woorden bepaald aan hem wijden en ’t uitspreken, dat ik zijn vriendschap op prijs stelde.

Master Plantenga waard ynstallearre troch ds. Huismans. By dy gelegenheid wie al te fernimmen dat ds. Huismans syn wurk ‘altijd gaaf en af was’.

My tocht dat it tsjûgenis fan master oangeande dûmny wol wat omtinken fertsjinje.

Koen Zondag