In mins wurdt op ierde set

In mins wurdt op ierde set

1
In mins wurdt op ‘e ierde set.
Neaken. Sûnder erch. Wrâldfrjemd.

Hy wit net wat syn plak is.
De dagen geane by him lâns.

Der is gjin hân dy’t him winkt.
Der is gjin stim dy’t him ropt.

Hy ken syn eigen kracht noch net.
Hy hat gjin weet fan syn swakte.

In mins wurdt yn ‘e skiednis set.
Wat yn him groeit giet bûten him om.

Der is gjin hier dy’t prakkeseart,
mar yntusken wint er oan fermogens.

Hy is him fan gjin spier bewust,
mar yn stilte makket er in fûst.

Sûnder dat er al de tiid ferstiet
Giet er syn ropping yn ‘e mjitte.

 

De tekst is oernommen út “Minsken fan ‘e dei “ teksten en lieten fan Eppie Dam, útfierd ta gelegenheid fan it 90-jierrich jubileum fan it KFS op 31 oktober 1998.

lês hjir de hiele tekst

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

vier × 3 =