Ludgerusliet

Ludgerusliet

1    
Sint Ludgérus, Fries en Kristen,
bern’ yn eigen taal en folk;
fan it leauw’ yn Jezus Kristus
yn ús Heitelân de tolk.
Pryster, hoeder yn ús midden,
boade fan Gods sillich heil,
jo ha from ús leard te bidden;
wy gean op jo wurd te seil.

2
Jo, patroan fan dizze tsjerke,
ljochtsje mei jo ljocht ús foar,
dat wy trou yn mienskip geane
en jo folgje yn jo spoar.
Lit jo ljocht de wei ús wize,
fakkel fan it godlik ljocht.
Dan wurdt God yn tankbrens prize
foar it Wurd, troch Jo ús brocht

3
Jo, sint Ludger, ha de bline
Bernlef jûn it ljocht fan ’t each,
dat er hiel de rike ierde
mei har beamt en blomte seach.
Sa kinn’ wy as hy ek sjonge
fan de Heilân fan de wrâld,
priizgje mei de harp en tonge
Him dy’t ús foar ’t heil behâldt

4
Jo, Ludgérus, ha de tsjerke
stift’ op ’t iene fûnemint,
mei jo wurd en died besterke
ta de krêft, dy’t herten wint.
Lit jo hillich foarbyld wêze
fan Gods leafde ’t kleare blyk.
Sterkj’ ús altyd troch jo leauwen,
leafde’ en hoop op ’t ivich Ryk!

 

Strofe 1 en 2 nei R. Hendriks; strofe 3 en 4 fan K. Bruinsma
It kin songen wurde op de wize fan “Dêr’t de dyk it lân omklammet”