Materiaal foar Advint en Kryst
1. By it oanstekken fan de kearsen fan Advint: ‘Lytse kears, ik stek dy oan’
Boarne: Tusken Rein en Sinne, nû. 26
Bylage: –muzyknoaten mei de tekst:
It Klinkt sa:
2. Liet om te brûken yn de Advint (bygelyks eltse wike in oar kûplet): ‘O kom, o kom Emmanuel’
Boarne: Lieteboek foar de tsjerken,
Bylage: –gesang 125
3. Yn de advint kin it Us Heit ‘God fan fier en hein ús Heit’ goed songen wurde as ôfsluting fan de gebeden.
Boarne: Tuskentiden nû. 229
Bylage: –muzyknoaten mei de tekst
–setting foar oargel en piano
4. De Fryske Bibel stiet noch net op ynternet. Mar de ferhalen út Micha (alternatyf roaster foar de Advint fan 2010) neffens it ‘Oecumenisch Leesrooster Raad van Kerken’) kinne jo fine yn de Fryske Bibel. It soe
goed wêze om faker ien fan de lêzingen yn it Frysk te dwaan.
5. Lieten dy’t goed te brûken binne by de lêzings fan it Bibelboek Micha binne:
Gesang 23 It sil barre yn ’e kommende dagen
Gesang 284 O Leaven Hear, jou frede