OCULI

OCULI

OCULI – 3e snein fan de 40 dagen

Psalm 25: 15   ‘ Ik hâld de eagen aloan op de Heare.’

Der wurdt sein dat wy hjoedtedei yn in byldkultuer libje.
By elk wurd heart in plaatsje, in videoclip, in reklamespot of in powerpoint-presintaasje.
Dêr past dy psalm 25 moai by: ik hâld de eagen aloan op de Heare.
It wûnderlike is fansels dat wy dêrmei – midden yn dy byldkultuer –
it each hâlde op wat no krekt nèt te sjen is, op de Ûnsjenlike, op God.
Dat is no de dwaasheid fan God dy’t de wiisheid fan minsken te boppe giet.

Wy minsken, wy sjogge en mjitte en oardielje wat foar eagen is
en wy lizze dat lâns de latte fan ús eigen wiisheid.
Wy sjogge wa’t slagge is of mislearre, wa’t de muoite weardich is of net.
En sa bedarje we yn in wrâld fan heger en leger, fan opsjen en delsjen,
fan minsken dy’t meidwaan kinne en minsken dy’t net yn tel binne.

Mar God yn syn dwaasheid sjocht mei hiel oare eagen.
Hy sjocht mei eagen fan leafde, troch dy bûtenkant hinne.
God hat syn eigen byld yn ús lein en dêryn sjocht Er ús oan,
hoe’t wy foar it ljocht komme, hoe’t wy wurde wa’t wy werklik binne:
in kostber minskebern yn Gods eagen.

Ús eagen opslaan nei in ûnsichtbere God liket dwaasheid yn ús byldkultuer.
Mar allinnich sa leare wy te sjen wêr’t it werklik om giet yn it libben.
Sjen troch Gods eagen, mei leafde, nei ússels en nei elkoarren.
Dan komme minsken werklik oan it ljocht, sels yn de tsjusterste tiden.

De grutste dwaasheid fan God sjogge wy yn it evangeelje fan ús Hear Jezus.
Yn minske eagen is Jezus as grutste mislukkeling einige oan it krús
mar yn Gods eagen is er syn meast kostbere bern,
Ljocht fan ‘e wrâld.

ds. Tytsje  Hibma