Palmpeaske
It is hjoed Palmpeaske.
Wy tinke der oan hoe’t Jezus mei grutte freugde Jeruzalem ynhelle waard,
as de Fredefoarst dêr’t Sacharia fan profetearre:
Jubelje bliid, dochter Sion! Rop it út, dochter Jeruzalem!
Sjoch, dyn kening komt nei dy ta, rjochtfeardich en oerwinnend.
Hy is nederich en rydt op in ezel, op in fôle, it jong fan in ezelinne.
Yn in protte tsjerken stiet yn dizze tiid foar Peaske in liturgysk blomstik mei in spegel deryn.
Yn Jezus’ wei fan lijen, stjerren en opstanning sjogge wy it wûnder fan Gods leafde spegele.
En tagelyk meie wy ússels dêr yn spegelje:
sjoch, dyn eigen bestean, midden yn de wrâld om dy hinne, spegele yn it heimnis fan Gods leafde.
De hillige Clara fan Assisi hat it oer dy spegel, oer de spegel fan it evangeelje,
as sy in brief skriuwt oan har suster Agnes:
Sjoch elke dei yn dizze spegel, o keninginne, breid fan Kristus,
en meitsje dysels hielendal moai, fan binnen en fan bûten,
mei kleurige klean en mei de blommen fan alle deugden,
do bist ommers dochter en leafste fan dy heechste Kening.
Yn dizze spegel wjerspegelje harren
de sillige earmoede, de hillige nederigens en de ûnsisbere leafde,
lyk asto mei Gods genede yn hiel dizze spegel sjen kinst.
Earmoede, nederigens en leafde,
dat binne begjin en midden en ein fan de spegel fan it evangeelje.
Net hoe dik of tin wy binne, hoe grut of lyts, hoe kreas of ûnsjoch
en oft wy wol meidwaan kinne mei de moade en de mjitte fan ús dagen.
Yn de spegel fan it evangeelje sjogge wy de wei fan Jezus spegele.
Mar ek ús eigen wei, ús eigen bestean, ús djipste wêzen sa’t God it foar it ljocht sjocht.
Gods byld yn ús, wat wy wêze meie yn Gods eagen.
Sillige earmoede, dêr begjint de spegel mei.
Yn earmoede kaam Jezus op ‘e wrâld, like neaken en kwetsber as wy allegearre.
En just dy neakene earmoede bringt ús by de leafde fan God.
Neat om ússels oan fêst te hâlden, neat om foar ússels te soargjen,
mar yn alles libje út Gods hân, as in bern ús oerjaan oan Gods leafde.
Hillige nederigens dat is het midden fan de spegel, it midden fan Jezus’ wei.
Wat is de ferlieding grut om ússels rêde te wollen, om ússels grut te meitsjen,:
sjoch dêr komt er, sjoch dêr is se, wat hawwe se it geweldich dien.
Mar de nederigens giet just de djipte yn, nei de boarne fan Gods leafde.
Dêr wurde de echte keningen en heldinnen berne.
En de ûnsisbere leafde, dat is de ein fan de spegel fan it evangeelje.
Unsisbere leafde dy’t opkomt út dy boarne fan Gods leafde,
ûnsisbere leafde dy’t alles jout, dy’t alles draacht, alles úthâldt, dy’t alles yn bloei bringt.
Yn dy spegel meie wy ús spegelje en wurde wat wy yn djipste wêzen binne:
ynleave soannen en dochters fan God.
ds. Tytsje Hibma