Psalmsjonge mei Gysbert op 22 maaie 2016

Psalmsjonge mei Gysbert op 22 maaie 2016

Gysbert_Japix_portrait_by_Matthijs_Harings.tifPsalmsjonge mei Gysbert op 22 maaie 2016

Al yn de 17de iuw ûntduts Gysbert Japicx de sizzenskrêft fan de taal fan de Friezen. Mei syn grutte talint hat er ek in tal psalmen oerset yn it Frysk. Oft dy Fryske psalmen ûnder syn lieding – hy wie foarsjonger yn de Martinitsjerke  fan Bolswert – ek songen binne is net wis. Hjoed-de-dei hat it Frysk yn fierwei de measte Fryske tsjerken net in grut plak yn de earetsjinst, hoe’t it Kristlik Frysk Selskip, oprjochte yn 1908, der in iuw lang ek foar skrept hat.

It yn 2008 oprjochte oekumenyske platfoarm “Krúspunt” besocht ferline jier de tsjerkemienskippen safier te krijen dat op Pinkstersnein (Hannelingen 2) yn alle tsjerkegebouwen ús eigen taal klinke soe. Dat is doe, as in soarte fan sinjaal, yn in reedlik tal tsjerken slagge.

Dit jier hawwe twa organisaasjes, “Krúspunt” en de Gysbert Japicx Stichting inoar fûn om it op’e nij te besykjen. Hja dogge in berop op alle tsjerkemienskippen om op 22 maaie, de sneins nei Pinkster, wurk te meitsjen fan it Frysk yn de liturgy en dan yn elk gefal de achtste Psalm te sjongen, dy’t troch Gysbert Japicx al yn de 17de iuw oerset is. Tagelyk is dat dan in earbetoan oan ús grutte foarsjonger.

Gysbert Japicx ferstoar 350 jier ferlyn en wurdt dit jier op ferskate wizen betocht en eare. It Gysbert Japicx-jier wurdt op 21 maaie, de middeis om 3 oere, offisjeel iepene yn de Martini-tsjerke fan Bolswert. Beide organisaasjes hoopje dat Psalm 8, mei yn de oankundiging in ferwizing nei de Fryske dichter Gysbert Japicx, op de sneins dêrnei yn hiel oekumenysk Fryslân klinke sil.

Hjirûnder stean 2 fersy’s fan Psalm 8 dy’t jo brûke kinne om út te printsjen, om út te dielen of om op de beamer te setten.     handtekening Gysbert Japicx

 


 

 

Klik hjir foar aktiviteiten dy’t yn it Gysbert Japicx jier plak fine.
Wolle jo mear witte oer Gysbert Japicx en syn tiid dan is der in bulte ynformaasje te finen op ynternet:

Om’t de taal fan Gysbert Japicx nochal ôfwykt fan it Frysk sa’t it no skreaun en praat wurdt is bygelyks psalm 8 ek wol oerset yn it Frysk fan no.