
Sjonge yn Boalsert!
BOALSERT – Op snein 8 oktober is der in sjongmiddei yn de Martinitsjerke fan Boalsert. De organisaasje is yn hannen fan de YKFE, de Yntertsjerklike Kommisje foar it Frysk yn de Earetsjinst.
Der wurde lieten songen út it Fryske lieteboek Sjonge en bidde thús en yn tsjerke. De oargelbegelieding is yn hannen fan Jochem Schuurman en der is meiwurking fan in koperkwintet fan de Jouster Fanfare fan De Jouwer.
Elts dy’t graach sjonge mei is fan herte wolkom. Fan 15.00 oere ôf binne de tsjerkedoarren iepen en it programma begjint om 15.30 oere. Om likernôch 17.00 oere sil it ôfrûn wêze.
Der wurdt soarge foar in boekje wêr‘t de te sjongen lieten yn steane en de tagong is fergees. By de útgong is in kollekte foar de ûnkosten. De sjongmiddei is te folgjen fia it youtube kanaal fan de Martinitsjerke.