Streamen fan wetter

Streamen fan wetter

De lêste deis, it hichtepunt fan it feest, stie Jezus dêr en rôp: As der ien is dy’t toarst hat, lit him by My komme om te drinken!  Dy’t yn My leaut, sil it gean lykas it skriftwurd seit: Streamen fan libben wetter sille út syn binnenst floeie.

Johannes 7: 37,38

Streamen fan wetter… Ik krige hjoed in berjochtsje fan ien fan ‘e bern, dy’t foar in healjier yn Brazilië is foar syn stúdzje. Hy wennet mei in pear jonges yn in flat, mar der siet noch gjin doar yn syn keamer. Dêrom soene se mei-inoar der in doar ynsette. Dêr kaam in boarmasine oan te pas. Ien fan de jonges boarje, mar dy rekke de wetterlieding. As jo jo op sa’n stuit mei-inoar rêde moatte yn Ingelsk en Portugees, kinne jo jo foarstelle hoe’t dat fierder giet. Sa haw ik sels yn Amsterdam yn in sloopwente ris mei de wetterlieding oan it soldearjen west, sûnder de haadkraan ôf te sluten.

‘As der ien is dy’t toarst hat, lit him by My komme om te drinken!’ Dy wurden fan Jezus kamen de lêste tiid fan ferskillende kanten op my ta. En wa hat der gjin toarst? Toarst nei libben, nei frede, nei ljocht, nei nije krêft, nei oandacht, nei leafde? En dan by Jezus komme meie om te drinken. Dat seit Jezus. Dat ropt Jezus. Wy drave samar oan dy rop foarby. Yn de drokte fan ús bestean en middenmank alles wat ús hjoed-de-dei oanpriizge wurdt as ‘ultime ûnderfining’

‘Dy’t yn my leaut’ seit Jezus. En eart wy it witte sitte wy dan al midden yn in diskusje. Leausto yn Jezus? Of net? Of wol op de goede manier? Mar wat betsjut dat eins: dy’t yn my leaut? Eins stiet dêr: dy’t op my fertrout. Fertrouwen, dat jout ús grûn ûnder de fuotten yn ús bestean. As wy earne op fertrouwe kinne. As in lytse poppe fertrouwe kin op de leafde fan mem en heit. As in bern fertrouwe kin op de goede soarch fan de learkrêften. As grutte minsken fertrouwe kinne op inoar. Net inoar leechlizze, net inoar feroardielje, net inoar foarbyrinne. Mar romte meitsje foar inoar, inoar oansjen sa’t Jezus ús oansjocht.

‘Streamen fan libben wetter sille út syn binnenst floeie.’ Dat sil barre, seit Jezus, as wy op him fertrouwe. Streamen fan libben wetter sille der dan floeie, streamen fan leafde, fan goedens en ljocht, fan waarmte en begryp, fan oandacht en soarch. Wat in gelok as wy fertrouwen fine en komme by dizze stream.