Taizé yn it Frysk

 |

Taizé yn it Frysk

Op 20 maart is de cd “Taizé yn it Frysk” presintearre yn de tsjerke fan Jorwert. Op de cd stean 17 lieten dy’t ek opnommen binne yn it Lieteboek (en earder yn de bondel Tachtich lieten út Taizé). In koar ûnder lieding fan Jannie Brandsma út Parregea hat de lieten opnommen. Sy sjongt by inkelde lieten in solopartij. Der is noch in twadde, ynstrumintale cd makke, dy’t by it oanlearen fan de lieten brûkt wurde kin. Beide cd’s binne opnommen yn it boekje “Taizé in Friesland” mei ynformaasje oer Taizé, jongeren dy ‘t dêroer fertelle en groepen dy ‘t yn Fryslân Taizéfieringen organisearje. It boekje met de beide cd’s is útjûn troch Discovery Books en kostet € 15,-. Bestelle is mooglik op dizze link:

http://www.mijnwebwinkel.nl/winkel/discoverybooks/a-43803619/eigen-uitgaven/taize-in-friesland-incl-2-cd-s-samenstelling-g-groeneveld/

taize yn it frysk