Tinkboek KFS: ‘Mei it wiffe skip’

 |

Tinkboek KFS: ‘Mei it wiffe skip’

‘O fij jonge. Dit giet te bot!’

Doe’t de noch jonge Jan Jelles Hof, de lettere sjoernalist, skriuwer en taalstrider (1872-1958), nei iten it bibellêzen in kear oernaam fan syn heit, krige er net de Statenvertaling, mar de Fryske oersetting fan it evangeelje fan Mattéus. Hy lies: ‘Us Heit yn ’e himel.’ Nei it Amen sei Jan Jelles syn mem: ‘O fij jonge. Dit giet te bot!’ Dat yn har hûs it Onze Vader  yn it Frysk bidden waard, koe gjin kant út. Neffens Hof waard hy rêden troch syn jongste suster: ‘Hea mem! Ferstiet ús Leaven Heare dan gjin Frysk?’

De anekdoate ûntlien ik oan ‘Hûndert jier Kristlik Frysk Selskip: in histoarysk ramt’, de ynlieding fan Jan Popkema yn it boek Mei it wiffe skip. Yn sawat fjirtich siden jout hy in prachtich oersjoch fan de skiednis fan it 100-jierrige Kristlik Frysk Selskip en it (net mear besteande) Roomsk Frysk Boun.

It haadbestjoer fan it Kristlik Frysk Selskip tocht net oan in gewoan tinkboek. It woe in boek mei dokuminten en artikels dy’t fan belang wienen èn binne. Al gau foel it wurd pearels. Wa’t it moai útfierde boek trochlêst, komt yn ’e kunde mei in skitterjend keatling.

By de oprjochting fan it selskip op 8 juny 1908, Pinkstermoandei, waard ferwiisd nei Hannelingen 2: in gerûs fan in ferheftige wyn, flammen fan fjoer en minsken fol fan ’e hillige Geast, allegearre oare talen. De minsken kamen der op ta, se wienen alhiel fan ’e wize, in elk hearde harren yn syn eigen taal.

Der is yn Fryslân withoefaak oer dy wurden preke, mar mannich foargonger of gemeentelid doarst of woe de ferbining tusken de wurden fan Hannelingen en it Frysk net oan. In pommerant as dr. W.A. van Es hat yn 1934 op in konferinsje foar dûmny’s yn tolve stellingen útlein dat it gefaarlik wie om it Frysk yn tsjerke te befoarderjen en guon besikers sille wakker ja knikt hawwe doe’t de waanwize predikant sei dat de tsjerke net meiwurkje moatte soe ‘aan de “doelbewuste” drang tot het invoeren van het Fries in het kerkelijk leven.’ Dy doffe pearel ûntbrekt net yn it boek.

Ulbe van Houten syn ‘Brief nei Kanada’ (1958) oan Jehannes stiet der ek yn. Nei in soad lijen slagge it om it safier te krijen dat foar in net te ferfoljen middeistsjinst in Fryske preek holden wurde mocht. Pyt, de dochter fan de skriba, ferprate har lykwols op ’e fammeferiening. Doe’t de presidinte it oer ‘Friese dwepers’ hie, koe it fanke har net stilhâlde: sneintemiddei, fiif oere, in Fryske preek. It late ta in ekstra tsjerkeriedsgearkomste. Foar- en tsjinstanners wierren har miening, it like wrachtsjes troch te gean oant Visser meidielde dat syn dochter snein foar it earst thúskomme soe mei har feint út Hollân. Mei tolve tsjin fjouwer stimmen waard besletten dat de dûmny yn it Hollânsk preekje moatte soe. Hoe it ôfrûn? Der moat ek wat te lêzen oerbliuwe.

Fisioen

Yn de rin fan de jierren is der in skat oan materiaal ferskynd. In Fryske Bibel, oanbean yn 1943, midden yn ’e oarloch. Foarsitter Sjoerd Evert Wendelaar Bonga hold in ynlieding dy’t my, 65 jier letter, noch rekket. Der kaam yn de rin fan de tiid noch folle mear: in Lieteboek, in Tsjinstboek, lieten foar de bern, ark by de rûs kin men wol sizze. ’t Is allinnich sa spitich dat de measte Friezen al dy skatten lizze litte.

Pastoar Jan Romkes van der Wal hat in pearel oer it Frysk yn de Roomske Tsjerke. Hy wiist op de Fryske tsjerke yn Rome en ropt de roomske Friezen op om wat grutsker te wêzen ‘op it plak fan harren taal en kultuer yn it ramt fan de wrâldtsjerke.’

Yn 1958 bestie it selskip 50 jier. Foar dy gelegenheid dichte Inne de Jong in fers oer de dream fan in iensum man, ds. Sipke Huismans, oprjochter fan it Kristlik Frysk Selskip, foargonger yn de grifformearde tsjerke yn Eanjum. Nea hat hy dêr Frysk preekje mocht. Inne de Jong skreau oer syn moed en besiele striid. De lêste fjouwer rigels binne:

As dream en fisioen ús liede,
efter de dize en de kimen wei,
dan sil in sliepend folk ûntweitsje
en opstean ta in nije dei. 

Keapje en lês ‘Mei it wiffe skip’, dat keatling mei weardefolle pearels. Brûk it, lit it sjen. Thús, yn de mienskip, mar net minder yn tsjerke. It is skielk Pinkster. It feest fan de talen. Ik hoopje dat op dy dei it Wurd fan de Heit yn de taal fan de mem rûnom yn Fryslân heard wurde sil!


titel                : Mei it wiffe skip
subtitel          : Nei hûndert jier Kristlik Frysk Selskip
einredakteur : Jan Popkema
útjouwerij      : Elikser, Jlouwert
ISBN              : 978 90 8954 0157
Ynbûn en rynsk yllustrearre

It boek is noch te krijen by de administraasje fan Krúspunt foar € 10,–.
As jo de tsien euro oermeitsje nei rekkennûmer NL29 INGB 0004 3194 90 op namme fan St Kruspunt Frysk Oek Platfoarm, mei fermelding  ‘Mei it wiffe skip’, dan krij jo it tastjoerd.

Yn it Friesch Dagblad skreau Koen Zondag boppesteande resinsje oer It wiffe skip, it jubileumboek fan it KFS. Koen Zondag wie fan 1981-1990 foarsitter fan it KFS.