Ald toer: gedicht fan Jan de Jong
Jan de Jong hat yn it ferline in protte betsjutten foar it KFS en de KFFB. De Fryske taal lei him nei oan it hert. Hy († 2000) en syn frou († 2013) lizze beide te hôf yn Aldegea (sm), tichtby de toer, dêr’t hysels ea in gedicht oer makke.
Gedicht oer de toer fan Aldegea (Sm):
Ald toer
Oerâlde klompe dowestien, grif is
mei sin dit moai heech plak útsocht foar dy.
In skeakel bist ús nei ’t ferline ta,
foar hjoed in trouwe freon, ús tige nei.
Us foarfaers, dy’t dy stifte ha, wy kenn’
net ien derfan; do hast mear kunde as sy.
Sa tydlik as de minske bisto net.
Geslachten wikselen, do seachst har nei.
Dyn skerpe, swarte eagen kinn’ it hear
goed oersjen, fier en alle kanten oer.
It skaad fan linebeam falt oer dyn âld,
fergroeven hoeke grûn en do-gekoer.
It lyts gedoch fan wiffe minsken, doe
en no, hast sjoen; do witst fan har ûnwis
bestean en wat de iene d’oare wie.
En.. tinkt dy dat de wrâld foarút gien is?
Tewittendogger wiest fan leed en ûnk,
ek tiidoanjouwer foar it folk op ’t lân.
En sneons en sneins, dan joech dyn dûnker lûd
fan d’iene klok in wink fan Hegerhân.
Dat noegjend, mar ek moanjend lûd waard heard
op ’t slot en yn ‘e earme klint; en ’t wie,
dêr bisto Godshûs foar, dy min nei’t sin,
dat d’iene bank nogal wat heger stie.
In lange rige fan achthûndert jier
is om dy hinne berne en is der stoarn.
It doel fan elke lêste reis wiesto;
drôf rôpen klokken: der komt wer ien oan.
Swier is dyn hôf fan weemoed om fergean,
mar beide treast is ’t âlde Wurd, dat yn
dyn tsjerkerûmte klinkt, hoe frjemd fan taal
ek brocht, en dat is noch as ieuwen lyn.
Jan de Jong