Apostoalyske Geloofsbelidenis

Apostoalyske Geloofsbelidenis

Yn oersetting fan dr. Liuwe H. Westra:

Ik leau yn God de almachtige Heit,
Skepper fan himel en ierde.
En yn Jezus Kristus, syn ienling Soan, ús Hear,
dy’t ûntfongen is fan ‘e Hillige Geast,
berne út ‘e faam Maria,
dy’t lijd hat ûnder Pontius Pilatus,
krusige, stoarn en begroeven is,
delgongen yn it deaderyk,
de tredde deis opwekke fan ‘e deaden,
opfearn nei de himel,
en dy’t no sit oan ‘e rjochterhân fan God de almachtige Heit,
dêr’t er wei komme sil om te oardieljen
de libbenen en de deaden.
Ik leau yn de Hillige Geast,
ik leau oan de hillige, algemiene, kristlike tsjerke,
de mienskip fan ‘e hilligen,
de ferjouwing fan ‘e sûnden,
de ferrizenis fan it lichem,
en it ivige libben.

Amen.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

1 × een =