Beriedsgroep Earetsjinst en Tsjerkemuzyk

Beriedsgroep Earetsjinst en Tsjerkemuzyk

Untstean 

De beriedsgroep Earetsjinst en Tsjerkemuzyk is yn’t libben roppen by de oprjochting fan it Protestantsk Tsjinstesintrum yn Fryslân.
De beriedsgroep is yn 2003 troch de Algemiene Klassikale Gearkomste yn Fryslân yn it libben roppen mei de ynstruksje om frege of samar, stypjende tsjinsten te ferrjochtsjen foar Earetsjinst en Tsjerkemuzyk. Ut ús deskundichheid wei wolle wy graach op it mêd fan liturgy en tsjerkemuzyk inisjativen nimme foar de pleatslike gemeenten.

Leden en harren deskundichheid 

Auke de Boer (Kollumersweach), tsjerke- en  skoallemusikus, organist, klokkespiler
Ulbe Tjallingii (Deinum), teolooch, liturch (foarsitter)
Jelle Rollema, (Tersoal) teolooch, tsjerkemusikus (organist)
Stef Tuinstra (oargelist, ‘Nieuwe Kerk’ Grins en lieder ‘Noord Ned. Orgelacademie’)
Pieter Vos (Hurdegaryp), gemeenteadviseur yn tsjinst by de PKN, organist

Doel

It sinjalearjen fan ûntwikkelingen op it mêd fan Liturgy en Tsjerkemusyk
It sammeljen fan materiaal op it mêd fan Liturgy en Tsjerkemusyk
Dit hifkje op brûkberens yn ús tsjerken
It opsetten fan kursussen foar dyjinge, dy’t tsjinsten ferrjochtsje yn de Earetsjinst en Tsjerkemusyk

Wichtige aktiviteiten

Lektoaren training,
Liturgysk blomskikken
Organistenkursus foar amateurorganisten
Presintaasje en ynstruksje fan Advint of Lijenstiidprojekten
Presintaasje nije lietebondel op sjongmiddeis foar koaren, kantorijen
Sympoasia rûn tsjerkelieten

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

een × drie =