De ein

De ein

de ein

 

It begjin fan it winterwurk is ek it begjin fan in nij binnendoarseizoen: biljerte, soos, damje, ferienings, neam it allegear mar op. Tagelyk is it de ein fan it bûtendoarseizoen, fan it keatsen mar ek fan it wurk op ‘e tún, fan de toeristyske sektor mar ek fan it binnenheljen fan de frucht fan it boerelân. In protte minsken meitsje no de belâns op fan in seizoen wurk, en kinne sjen oft se der in bytsje út sprongen binne of net. Dêr heart de goeie gewoante by om yn novimber mei elkoar foar de ôfrûne simmer en alles dat dy brocht hat te tankjen. Yn novimber falt ek it bernefeest fan Sinte Marten. It is net tafallich dat dan krekt de bern by de doarren lâns geane om in aardichheidsje: novimber is fanâlds de tiid dat de skuorren en de kelders fol sieten mei iten foar de winter, dus dan moasten jo derby wêze – maitiids wie alles op!

Deselde gewoante om mei lampionnen of oare ljochtsjes de buorren ûnfeilich te meitsjen hawwe se ek yn Ingelân en Amearika: Hallowe’en. Dat is letterlik de jûn (‘even’ yn it Aldingelsk) foar Alderheljen (‘all hallows’, oftewol Allerheiligen), dus de jûn foardat de ferstoarnen betocht waarden yn ’e roomsk-katolike tsjerke op 1 novimber. It skynt dat de tsjerke yn in skier ferline dy datum wer oernommen hat fan ’e âlde Kelten (dy hawwe hjir ek noch húsmanne foardat de Friezen kamen), dy’t op dy datum Ald en Nij fierden. It swalkjen fan ’e bern troch de buorren is dus eins itselde as it tradisjonele slepen op Aldjiersjûn, sa’t fanâlds yn ’e protestantse tredysje ek op Aldjiersjûn de ferstoarne doarpsgenoaten betocht waarden. It heart allegear by elkoar: weromsjen, betinke, en út ’e bân springe.

Ut ’e bân springe dogge wy yn tsjerke net folle (mar wa wit wat se yn ’e takomst nochris útfine), mar betinke en weromsjen dogge wy al. Ek wer yn novimber: op ’e lêste snein foardat de nije advintstiid begjint. Yn dizze moanne sitte dus in protte âldjiers-eftige dingen! Is wat wy dêrmei yn tsjerke dogge no itselde as wat dy âlde Kelten ek al diene, en yn ús lân noch altiten miljoenen minsken dy’t dêr fierders gjin godstjinst by nedich hawwe: weromsjen, in trientsje ôffeie, genietsje en diele fan it goede dat it jier brocht hat, en mei nije moed wer fierder?

Nee, de tsjerke hat ek noch wat oars te bieden en te fieren. Alle minsken en alle kultueren witte, dat in jier ôfrint en folge wurdt troch in nij jier. Dêrby sit faak de gedachte, dat dy kringloop ivich trochgiet. De tiid is dan net oars as in rûnte, dy’t allinnich mar trochdraaie kin. Jo kinne dat kombinearje mei de gedachte fan ’e réynkarnaasje, of mei de idee dat alles wat bard is ek wer in kear weromkomt, of tinke dat alles wat bard is just definityf ôfrûn is en weiwurdt yn it ferline. Mar in doel jout de tiid fan himsels net. Sels yn ’e Bibel wurdt dy gedachte ferskate kearen útsprutsen: net allinnich yn Preker, dy’t fêststelt dat der neat gjin nijs ûnder de sinne te finen is en dat ek neat bliuwend is. Yn it ferhaal fan Noach wurdt troch God sels útsprutsen dat siedzjen en rispjen, kjeld en hjitte, simmer en winter, dei en nacht noait wer ophâlde sille. Dat wol sizze: salang as de ierde der is.

Wat de wrâld dàn te wachtsjen stiet, as de wrâld der net mear is, dat is de unike bydrage fan it geloof yn ’e God fan Israel oan it gehiel fan alle mooglike geloven op dizze wrâld. Neffens de Bibel hat dy God nammentlik net allinnich de ierde makke, mar makket Hy de ierde ek in kear op ’en nij. De skiednis hat dus in ein, en dy ein is it lêste net. Om alles noch radikaler te meitsjen: dy nije ierde komme deselde minsken op te wenjen as de âlde. Deselden, mar wol oars. Sûnder lijen, sûnder konflikten, yn folsleine frede en harmony mei elkoar, mei de ingelen en mei God. En alles wat wy hjir belibje, giet mei dêrhinne. God skept ús op ‘en nij, mar ferjit ús skiednis net. It is werklik ûnbegryplik, en gjin minske soe it sa betinke kinne. Mar it is it boadskip fan ’e Bibel, dat Jezus syn learlingen fan tichteby mei eigen eagen sjoen hawwe. Sels de tekens fan ’e krusiging kin Jezus nei syn ferrizenis noch sjen litte. Mar nei dy ferrizenis, yn dat nije lichem dat it begjin is fan ’e nije skepping, wurdt al it âlde te plak brocht. Dêr’t wy no om skrieme, kinne wy dan om laitsje. Dêr’t wy no mei fjochtsje, sille wy dan mei dûnsje.

In tsjerklik âldjiersgefoel is dus wat hiel nuvers. Wy nimme ôfskied fan in jier, fan dingen dy’t slagge binne of just mislearre, fan minsken dy’t by de mienskip wei fallen binne. En wy witte, of wy besykje te leauwen, of it wurdt ús ferkundige, dat al dy âlde dingen en dierbere nammen net fuort en wei binne, mar bewarre yn Gods leafdefolle ûnthâld. En dat wy dat allegearre wersjen sille, op it momint dat de ein kommen is fan himel en ierde sa’t wy se kenne. Om troch dyselde leafde fan God wer wekker roppen te wurden ta nije skepsels yn in nije skepping.

It teken dêrfan meitsje wy sichtber op ’e lêste snein foar de Advint. Brea en wyn steane op tafel, as teken fan Jezus syn leafde dy’t troch de dea hinne gien is, mei dêrby de baarnende kearsen as teken fan ’e minsken dy’t wy ferlern hawwe. Efter ús, definityf – mar net fuort en wei, mar in libbene mienskip dy’t op ús wachtet.

 

Liuwe H. Westra (novimber 2009)

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

15 − elf =