De katedraal fan Gloucester
De katedraal fan Gloucester
Yn ‘e tiid dat wy noch fytsfekânsjes diene, hawwe wy ek in kear Ingelân oandien. Krekt as alle lannen bûten Nederlân hat dat it neidiel, dat der oeral heuvels binne en dat falt mei de fyts net altyd ta. Mar as jo dy muoite dogge wurde jo ek beleanne mei skitterjende doarpen en stedsjes. En krekt as by ús, yn al dy doarpen stiet in tsjerke. En oars as by ús, sa’n tsjerke is hast altyd iepen. Wol wer krekt as by ús, elke tsjerke, jong of âld, is wer oars en de muoite fan it besjen wurdich. En as jo it treffe, moetsje jo ien dy’t jo graach it ferhaal fan ‘e skiednis fan sa’n tsjerke fertelt.
Mar Ingelân is fansels net allinnich it lân fan ‘e lytse doarpkes en it plattelân, it hat ek in rike stedskultuer dy’t ferneamd is om syn katedralen. Ien fan dy katedralen stiet dus yn Gloucester, dat is oan ‘e eastkant fan Ingelân. In gigantysk gebou, mei fanâlds in kleaster deroan fêst, en in spesjale kapel foar Marije. Jo kinne der rêstich in middei foar útlûke om sa’n katedraal te besjen, en – helaas krekt net yn ‘e fekânsjes – alle dagen wurdt der ôfsluten mei in songen fesper, ‘Evensong’. Dy’t ek mar in bytsje muzikaal is, moat dat eins ien kear yn it libben meimakke hawwe.
Wêrom helje ik dy iene katedraal hjir oan? Omdat hy in hiel aparte bouskiednis hat. Hy is boud wurden yn ‘e saneamde romaanske styl. Dat is de styl fan ‘e tsjerke fan Boazum: swiere muorren, lytse rútsjes, rûne bôchjes. Sa binne eins alle earste stiennen tsjerken hjirre boud. It gewicht rêst op ‘e muorren. Doe kaam de saneamde goatyske styl. De bouwers ûntdieken, dat jo foar in dak net it dragend fermogen fan in komplete muorre nedich binne, mar dat in pear punten genôch is. Sadwaande waarden de ruten folle grutter, en de tsjerken ljochter fan binnen. In grutte foarútgong foar de minsken! Ut dy tiid komme de tsjerkeruten sa’t wy se wend binne: breed, mei in punt oan ‘e boppekant, dy’t wiisd nei de himel. De Martiny yn Boalsert is hielendal yn dy styl. It gewicht rêst op ‘e smelle stikjes tusken de ruten, en op ‘e pylders. En binnenyn is it in see fan ljocht! Jo begripe, doe’t dy boustyl ien kear ûntdutsen wie, waarden in protte romaanske stjerken ôfbrutsen, of ferboud yn ‘e goatyske styl.
Wat hawwe se no yn Gloucester dien? Ek dêr hawwe se in goatyske katedraal. Mar se woene, om watfoar reden dan ek, de âlde net fuortdwaan. Dus no stiet der binnen yn dy grutte, ljochte, hege goatyske katedraal noch de âlde massive, romaanske. Boppe op ‘e romaanske muorren sitte de goatyske, en boppe de smelle, rûne rútsjes sitte de brede spitse. Der is in nije tsjerke boud, mar de âlde is stean bleaun.
Is dat net presys wêr’t de tsjerke altyd mei oan ‘e gong is, as organisaasje? Wy wurde grut yn ‘e tsjerke sa’t ús heiten en memmen him boud hawwe. Hjir en dêr sitte ek noch stikjes fan pake en beppe. Mar omdat de tiid trochgiet, mei oan ‘e iene kant nije mooglikheden, en oan ‘e oare kant boumaterialen dy’t net mear te krijen binne, moatte wy ek wer ús eigen tsjerke bouwe, de tsjerke fan dizze tiid. Mar de tsjerke fan juster kinne wy net ôfbrekke, omdat wy dan neat mear hawwe. En sa wenje wy hieltiten yn twa tsjerken tagelyk.
Sa is foar my dy iene katedraal fan Gloucester troch in histoaryske eigenaardichheid in symboal fan wat elke tsjerke altyd en oeral is: in nij bouwurk, dat binnenyn in besteand bouwurk foarm krije moat. En jo hawwe hieltyd mei beide tagelyk te krijen.
Ik hoopje dat wy it kommende seizoen wer in eintsje fierder bouwe kinne oan ‘e tsjerke dêr’t ús bern yn grut wurde. En ek dat wy efter ús litte, wat net mear te brûken of funksjoneel is. Ien katedraal fan Gloucester is ek wer genôch.
Liuwe H. Westra (septimber 2008)