De kristlik-Fryske beweging yn de 20e ieu

De kristlik-Fryske beweging yn de 20e ieu

Op de efterkant fan it boek ‘De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu” skreaun troch Jan Popkema (1942) fan Burgum stiet it folgjende te lêzen:

“By it begjin fan de 20e ieu wie it brûken fan Frysk yn it godtsjinstige soksawat as flokke yn ‘e tsjerke. De oprjochting fan it Kritslik Frysk Selskip yn 1908 brocht dêr feroaring yn: de eigen taal rekke it hert ommers folle mear. Dochs hat der yn ‘e tsjerken in soad wjerstân west. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch krige Frysk yn tsjerke in erkend plak(je).
Yn dit boek giet de skriuwer de skiednis nei fan it Kristlik Frysk Selskip (1908-2012), it Rooms Frysk Boun (1917-1997), it Grifformeard Frysk Selskip (1930-1945) en de Kristlike Fryske Mienskip op Frijsinnige grounslach (1937-1963), mei omtinken foar foaral harren doekstellings en resultaten en hoe ’t de tsjerken dêrop reagearre hawwe. Nei goed hûndert jier is Frysk yn tsjerke wol gewoan, mar noch altiten net fanselssprekkend. En dêrom hat in kritlik-Fryske beweging noch hieltyd reden fan bestean.”

titel          : De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu
skriuwer : Jan Popkema
útjouwer : Bornmeer
ferskynd : 2014
NUR       : 524
ISBN       : 978-90-5615-320-5


Der waarden by de oanbieding fan it boek yn it  ‘It Aljemint’ gebou fan de Fryske Akademy in fjouwertal lêzingen hâlden, wêrfan trije hjir nei te lêzen binne:

By de presintaasje fan it boek wie ek Wiep Koehoorn; syn ferslach.