Doopliturgy fan Ds. D. Wiersma

Doopliturgy fan Ds. D. Wiersma

De doop is in rituele besprinkeling fan de holle mei wetter of it alhiel ûnderdompeljen fan it lichem fan in lyts bern of folwoeksene Troch dizze hanneling te ûndergean waard men opnommen yn de kring fan de leauwensmienskip. Yn de Bibel is it bekindste plak Mattheus 28 vers 19.

Doopliturgy fan Ds. D. Wiersma:

Doopnij

LITURGY BY DE FIERING FAN DE HILLIGE DOOP *)

It glorieuse fan de bernedoop is dat God de foarstap nimt.
Syn leafde is der!
Hy ferklearret: du bist myn ynleaf bêrn!

De God fan de Bibel kiest hertstochtlik de kant fan wat lyts, swak en op help oanwiisd is.
Dizze unike solidariteit kriget yn it libben fan Kristus Jezus foarm.
At syn learlingen bêrn by Him weikeare wolle, ropt Er: “Lit dy lytskes by my komme, kear se net, Want by harren kin God syn gefoel kwyt.”
Doe slúte Hy de bêrn yn syn earmen en lei harren segenjend de hânnen op.
De Hillige Doop is in demonstraasje fan dizze partidichheid fan God.
Hy hâldt fan bêrn , dus likkefolle fan doopte as net-doopte bêrn!

Yn de Doop fan de iene demonstreare wy wat foar alle bêrn bedoeld is: De leafde f an God sûnder betingsten yn it foar.

Dêrom docht de Hillige Doop in grut appel op heiten en memmen, famylje, de gemeente, op alle minsken om foar it bêrn sa leaf as God te wêzen.
Foar sa’n libben is Kristus Jezus boarne en model: Hy is de model- hoeder.
De Hillige Geast (fan God en Jezus) helpt minsken om tichtby God en by elkoar te libjen. Sy besielet minsken mei passy.

Fragen:
Nammen (of heit en mem fan….)

WOLLE jim libje mei de God fan leafde ut de bibelske tradysje:
DE GOD FAN LEAFDE?
Mei Kristus Jezus dy’t dizze God gesicht en gewicht joun hat?
En mei de Hillige Geast dy’t ús ticht by God en Syn idéalen hâldt?

Belove jim ……namme dopeling…….leauwe, hoop en leafde foar
Te libjen?
Wat is dêrop it antwurd fan …..(namme mem en heit).

*) Sjoch foar ferantwurding Geandewei 1 en 8 september 2006.