Ferkiezingspreek 2017

Ferkiezingspreek 2017

lêzings: Mattéus 17: 1-9 en Filippiërs 3: 7-11

Gemeente fan ’e Hear,

By it lêzen fan it lêste fers út ’e twadde lêzing – “Ik doch tige myn bêste om sa te kommen ta de ferrizenis út ’e dea” – moast ik tinke oan myn legereskoaltiid. Alle jierren krige ik trije kear in rapport mei nei hûs ta, mar dat rapport stie gjin inkeld sifer op. It wie de tiid fan ‘Doet goed zijn best’ en ‘Speelt leuk mee’. Persoanlikheid en ynset wiene wichtiger as prestaasjes. Op himsels gjin rare gedachte. Mar dat skoalgean ek te krijen hat mei it learen fan konkrete feardichheden as rekkenjen en staverjen, dat idee wie soms wol in bytsje fier fuort. ‘Doet goed zijn best’ wie al gau goed genôch.

Paulus docht ek tige syn bêst as er him ynset foar it goede nijs fan Jezus Kristus. De learlingen dogge wakker har bêst, as se by Jezus op ’e berch binne. Petrus, dy goeie suffert, is sels ree om wer nei ûnderen ta te klatterjen en trije tinten mei omheech te bealigjen. En wie it mei Moazes, doe’t dy de berch op gie om de tsien wurden fan God te hearren, net krekt gelyk? Hy bleau der mar leafst 40 dagen – better kinne jo yn ’e Bibel jo bêst net dwaan.
Jins bêst dwaan betsjut: each hawwe foar in doel. Dat doel is yn ’e Bibel altyd it libben sa’t God it bedoeld hat. Rjocht en gerjochtichheid, it keningskip fan God, it ivige libben – hoe’t jo it mar neame. It is allegear itselde, wy hawwe der allegear in idee by, en wy wolle ek wol ús bêst derfoar dwaan.
Tagelyk hawwe wy allegear dêrby de oanstriid te tinken: ‘Dan moat earst …’. En folje dat mar yn. As earst dizze illinde mar oan kant is – tink oan in sykte, of de krisis, of in konflikt. As earst mar in beskate regel ôfskaft wurdt, of dingen just wetlik mooglik makke wurde, of dingen oanpakt. As earst mar dy nije dyk der leit, of just net, as earst mar de fosfaatwet lichter makke wurdt, of just swierder, as wy earst mar fûleindigerop foksen jeie meie, of just as minsken hielendal út it fjild wei bliuwe.
It is de grûntoan fan ’e ferkiezings: ‘Dat it no sa’n binde is, komt omdat der tefolle is fan dit of just fan dat. Of te min. Stim op ús! Wy pakke it probleem oan, en as dan elk syn bêst docht, is der neat mear te rêden.’
Elk docht wakker syn bêst. Allinnich jildt hjir ek de fraach: soene wy der ek noch in kear mei elkoar komme?

Wat docht oanbelanget: moai dat de ferkiezings yn ’e 40-dagetiid falle. De tiid dy’t giet oer it berikken fan it ivige libben, fan ús doel.  Just yn dizze tiid is it goed om deroer nei te tinken: hoe komme wy dêr eins? En oan ’e oare kant: it boadskip fan dizze tiid is, dwers tsjin alle synisme en ûnferskillichheid yn: it doel is der werklik, en der is ek in menier. Peaske lit ús in glim fan ús bestimming sjen, en dêr rint in paadsje hinne.

Wat is dat paadsje? Dat is de wei fan Jezus. En wat is dy wei? Men kin it sa ûnder wurden bringe: trou oan ’e minsken dy’t ferlet fan Him hawwe. Jezus hâldt de minsken fêst dy’t smachtsje nei in libben sa’t God it bedoeld hat. Dat is syn paad, sa wurdt it Peaske.
Wy kinne ek sizze: Jezus folbringt de wet. En dat docht Hy net sa’t wy dat út ússels dwaan soene. De regels fan God binne nammentlik net bedoeld om ta te passen, as earst ien kear de slimste swierrichheden út ’e wei romme binne. De wet is just bedoeld foar de net-idéale sitewaasjes. Dat moat Moazes leare, dy’t de stiennen platen stikken smyt as minsken har der net oan hâlde. Dan stjoert God him wer nei boppen ta, om op ’en nij mei in pear platen oan ’e gong. Dat hat Jezus syn learlingen sjen litten, troch wer nei ûnderen te gean, dêr’t de siken en de melaatsken tahâlde. Foar dy minsken is de wet bedoeld, en dêr moatte God syn regels wier wurde. Dat hat Paulus begrepen, dy’t skriuwt dat de iennichste wei nei de ferrizenis fia de mienskip mei Kristus syn dea rint. Yn it tsjuster moatte jo it ljocht oanstekke, en net wachtsje oant it earst in kear dei wurdt.
Wy binne net ferantwurdlik foar it hiele lân. Mar al foar ús doarpen. Net de wetten, mar de minsken bepale wat der bart. It giet der net om wat der op pepier stiet, it giet derom wat wysels dogge. Wy kinne net it hiele lân perfekt meitsje: dat moatte wy net besykje, en dêr moatte wy ek net op wachtsje. Mar wy kinne wol soargje dat in sike yn ús eigen mienskip net oan syn lot oerlitten wurdt. Of dat der riden wurdt foar bestrielings. En as in behanneling te djoer wurdt foar de fersekering, hawwe wy sels in diakony. Wy kinne soargje dat ien mei in ferlies de earste pear wiken net in dei allinnich hoecht te wêzen. Wy kinne soargje dat frjemdlingen hjir de kâns krije om te yntegrearjen.

Want dy’t wy woansdei kieze, wa’t it ek binne, dy dogge it net. Se kinne it net, en se wolle it ek net. Dy’t aansen keazen wurde, dy hawwe mar ien doel, krekt as Petrus, as se boppe kommen binne: dêr sa lang mooglik bliuwe.

As wy Jezus syn paad folgje, dogge wy ús part fan ’e wet. En dat dogge wy net op ’e berch fan it ljocht, dat dogge wy yn ’e illinde en yn it tsjuster.
En bedarje wy sels yn ’e illinde, dan nimt Hy ús mei nei de berch fan it ljocht.

Amen.

Lollum,
dominy L.H. Westra

Wilt u de preek in het Nederlands lezen klik dan hier.