FJIRTICH DAGEN 2009

FJIRTICH DAGEN 2009

Meditaasje ds. T. Tibma

Markus 1: 12,13: Fuort dêrnei dreau de hillige Geast Him de woestyn yn. Fjirtich dagen lang bleau Er dêr; Hy waard troch de satan hifke, libbe tusken de wylde bisten en de ingels stiene foar Him klear.

 Leauwe, hoop en leafde

Fjirtich Dagen foar Peaske. Fjirtich Dagen om stil te wurden en ta ynkear te kommen. Fjirtich Dagen om de oandacht te rjochtsjen op it heimnis fan de wei fan de Hear. De earste snein yn de Fjirtich Dagen begjint mei wurden fan Markus. Dêr giet it oer de Fjirtich Dagen fan de Hear yn de woestyn. En sa’t de Hear ús foargiet, sa meie wy him folgje, op de wei fan leauwe, hope en leafde.

Hy waard troch de satan hifke…

Satan. Tsjinstanner, betsjut dat wurd. Oeral dêr’t it ljocht fan ‘e Hear ferskynt, leit ek it tsjuster op ‘e loer. Oeral dêr’t de leafde fan God hannen en fuotten krijt, siket de haat der tusken te kommen. Oeral dêr’t de goedens fan de Hear siedde wurdt, struit it kwea him der trochhinne. De hillige Geast driuwt Jezus yn dizze striid, mar hâldt him ek steande yn dizze striid. Hy oerwint it kweade mei it goede.

libbe tusken de wylde bisten…

Wylde bisten. Wy sjogge al gau apen en bearen op ús paad. Hoe kinne wy it no ea opbringe om neffens it evangeelje te libjen? Wat kinne wy no dwaan oan alle ellinde yn ‘e wrâld? Wat makket it no út wat ik doch of tink? Der komt safolle op ús ôf, dat wy it leafste mar yn ‘e skulp krûpe. Mar Jezus flechtet net, Hy hâldt it út tusken de wylde bisten. En yn it úthâlden waakst de hope, seit de apostel Paulus.

 en de ingels stiene foar Him klear.

Ingels. It binne de boaden dy’t altyd wer delkomme om mei de leafde fan God de minsken oan te reitsjen en dy’t altyd wer opgeane om it libben fan minsken foar Gods antlit te bringen. It binne dy boaden dy’t om dat iene Bern fan God en om alle bern fan God hinne binne en sizze: ‘Wês net bang, want do stietst by God yn ‘e geunst’. Yn dat fertrouwen meie wy de Fjirtich Dagen gean, fol ferwachting fan de grutte Peaskedei.