Flecht Joazef, bern en Marije: preek fan fou C. de Boer-Bergstra

Flecht Joazef, bern en Marije: preek fan fou C. de Boer-Bergstra

Joazef op ‘e flecht mei it bern en syn mem, nei Egypte.
In aktueel byld: minsken op ‘e flecht: mannen, frouwen en bern.
In byld fan alle tiden.
Alle tiden troch binne minsken ûnderweis, omdat se har net feilich fiele, bedrige wurde troch minsken, troch honger of natoergeweld.
Wy minsken wenje no ien kear net yn in paradys, sa hearre we al oan it begjin fan de bibel, mar yn in wrâld fol gewraksel mei goed en kwea.

Abram is noch mar krekt yn it him taseine lân oankommen, of hy moat fanwege in hongersneed al flechtsje nei Egypte.
As de Farao der achter komt dat Sara net syn suster is, mar syn frou, moat er Egypte wer ferlitte.
Joazef, soan fan Rachel, Joazef de dreamer, wurdt troch syn broers ferkocht oan Egyptners.
Syn dreamen en dreamútlizzingen meitsje him úteinlings ta ûnderkening fan Egypte.
Hy rêdt de Egyptners en ek syn eigen folk fan de hongerdea, as heit Jakob en al syn broers nei Egypte komme.
En dêr bliuwe, generaasjes lang.
Oant der in Farao komt, dy’t it ferhaal fan Joazef net ken.
Hy fynt it mar neat, dat fremde folk, dat al mar talriker wurdt: se soene it ris mei de fijân hâlde kinne. Hy fielt him bedrige en nimt maatregels.
Swier, ôfmêdzjend wurk, lit er dat folk dwaan en de jonkjes dy’t berne wurde, moatte yn de Nyl smiten wurde.
It jonkje Mozes wurdt yn in arkje, in deadskistke, op it wetter yn ‘e reiden lein, mem en suster Mirjam, soargje derfoar dat er yn libben bliuwt, grut brocht wurdt yn it keninklik paleis.
Mar ek dizze Mozes moat flechtsje, wurdt skieppehoeder by pryster Jetro en úteinlings liedt hy as hoeder syn folk 40 jier lang troch de woestyn nei it taseine lân.
It is Jozua,Jehoshua, dy’t it folk yn it taseine lân bringt.
Mar dat taseine lân blykt gjin paradys te wêzen, ek dat is in wrâld fol gewraksel mei goed en kwea.

Lês hjir it ferfolch fan de preek

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

een × 1 =