Geloofsbelidenis fan Nicea-Constantinopel
Geloofsbelidenis fan Nicea-Constantinopel
1 Ik leau yn ien God, de almachtige Heit,
Skepper fan himel en ierde, fan al it sichtbere en ûnsichtbere.
2 En yn ien Hear, Jezus Kristus, de iennichstberne Soan fan God,
berne út de Heit foar alle ieuwen;
3 Ljocht út Ljocht, wiere God út de wiere God,
berne, net skepen, ien yn wêzen mei de Heit,
en troch Wa’t alles wurden is;
4 Dy’t om ús minsken, en om ús ferlossing,
út de himel delfearn is, en fleis oannommen hat troch de
Hillige Geast út de Faam Marije, en Mins wurden is;
5 Dy’t foar ús ûnder Pontius Pilatus krusige is, lijd hat
en begroeven is;
6 Dy’t opstien is op de tredde dei neffens de Skriften;
7 Dy’t opfearn is nei de himel,
en sit oan de rjochterhân fan de Heit;
8 Dy’t weromkomme sil yn hearlikheid,
om libbenen en deaden te oardielen,
en oan Waans Ryk gjin ein wêze sil.
9 En yn de Hillige Geast, Hear en Libbenmakker,
Dy’t útgiet fan de Heit;
Dy’t oanbidden en ferhearlike wurdt
mei de Heit en de Soan;
Dy’t troch de profeten sprutsen hat.
10 Yn ien hillige, katolike en apostolyske Tsjerke.
11 Ik beliid ien Doop ta ferjouwing fan sûnden.
12 Ik ferwachtsje de opstanning fan de deaden,
en it libben fan de kommende ivichheid.
Amen.
Symbolum fan Nicea-Constantinopel (325/381 AD)
Oersetting: Henk Wortman