Greidhoeketsjerkedei

Greidhoeketsjerkedei

It inisjatyf foar de Greidhoeketsjerkedei giet út fan de wurkmienskip fan predikanten fan de ring Boalsert (fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân) en in tal foargongers fan omlizzende gemeenten. Sy sykje nei moeting en útwikseling tusken gemeenten, troch it dielen fan it leauwen en de ynhâld fan it evangeelje. En sy hoopje dat dizze dei bydrage sil oan ferbining, bemoediging en ynspiraasje fan minsken binnen en bûten de tsjerken.