Griene tiid
Griene tiid
Wy meitsje der yn Lollum en Waaksens noait safolle drokte om, mar yn guon tsjerken wurdt sterk wurke mei liturgyske kleuren. Dat is in erfenis út ‘e Roomsk-Katolike Tsjerke krekt as de peaskekears en de doopkears. Troch de kleur, sa is de bedoeling, krijt de tsjinst in beskate sfear, in grûntoan, dy’t jo al wat meijout foardat jo in wurd heard of songen hawwe. Kryst en Peaske binne wyt, de kleur fan it ljocht. Advint en 40 dagen binne pears, de kleur fan boete en neitinken oer jinsels. Pinkster is read, de kleur fan fjoer. En de simmer is grien.
Yn griene tiid betsjut grien de kleur fan ‘e groei. It is in rêstige kleur, fan net tefolle drokte, fan ‘e beammen en it gers. It is in kleur dy’t past by it leauwen, dat it ek hawwe moat fan net allinnich hichtepunten en bysûnderheden, mar noch folle mear fan in stadich oannimmen, elk yn syn eigen tempo. Gewoante, lytse dingen, wenne – sa minsklik is no ien kear it leauwen, en ek sa wol God mei ús omgean.
Ik hoopje dus, dat dizze simmer elk de tiid krijt en de tiid nimt om it leauwen groeie te litten. Jo moatte der net mei stopje, en dan yn septimber op ‘en nij útfine hoe’t it allegear wie. Just oarsom, meskien fine jo no de romte om ris langer troch te praten of nei te tinken oer in tsjinst. Om gewoan alle dagen in stikje te lêzen yn in deiboek, in ferhaal dat jo oansprekt, of gewoan yn ‘e Bibel, en dat yn jo omgean te litten. Om der gewoan te wêzen foar de bern, en nei te tinken wat jo har meijaan wolle en dat in kear te sizzen. Om gewoan nei tsjerke ta, wêr’t jo ek binne, en ôf te wachtsjen wat jo dêr meikrije.
Om gewoan, krekt as in beam, jo woartels út te stekken en op te nimmen wat dy tsjinkomme. Dêr groeie jo fan. En wy hoege net te witten hoe’t it wurket. Dat wit dy beam ek net.
Liuwe H. Westra (july 2009)