Hantsje Tseards
Binne jo bekend mei de fjouwer lieten oer de Tsjinstfeint fan de Heare? Hja binne te finen yn it twadde diel fan it Jesajaboek, de haadstikken 40-55, skreaun yn de tiid fan de Balingskip fan it Judeeske folk yn Babel ( fiifde ieu foar Kristus). De skriuwer wol bemoedigje en treaste, dat wie wol nedich, want Jeruzalim mei de hillige timpel wie no in púnfal en de Judeeërs wiene twongen yn it heidenske Babel te libjen as straf foar harren sûnde. De fiif gedichten dy’t hjir presintearre wurde, binne de fjouwer lieten oer de Tsjinstfeint fan de Heare. De Nije Fryske Bibeloersetting fan 1977 skriuwt it folgjende: “Tige wichtich yn Jesaja binne de fjouwer profesijen oer de Tsjinstfeint fan de Heare. Jesaja 42: 1-7 ; 49: 1-9; 50: 4-9 en 52:13-53:12. Dy stikken beskriuwe in learling, dy’t de Heare folslein tawijd is, dy’t suver is yn lear en libben. Ien dy’t ûnskuldich lije moat om de sûnden fan syn folk te boetsjen.
De fiif gedichten dy’t, ûnder skûlnamme, as in behindich boekje presintearre wurde, kinne jo hjir neilêze.