Jesus seit, Hy wol, dat wy allegear

Jesus seit, Hy wol, dat wy allegear

Oersetting yn’t Frysk fan “Jezus zegt dat hij van ons verwacht”

Jezus seit, Hy wol, dat wy allegear
binn’ in moai lyts kearske, of in ljochte stjer.
En Hy wol dat ider ljocht jout ta syn ear’,
do en ik net minder mar altyd mear.

Jezus seit, Hy sjocht elk syn lampke wol,
oft it gâns wat ljocht jout, of ek lang net fol.
Hy sjocht út ’e himel, skynt ús ljocht wol klear,
dyn’t en myn’t net minder mar altyd mear.

Jezus seit ús ek, dat ’t sa tsjuster is,
dat der hjir op ierde rûnom sûnde is.
Lit ús wêz’ yn ’t tsjuster ljochtsjes fan de Hear!
Do en ik net minder en altyd mear.