Jild yn de Bibel

Jild yn de Bibel

Jild yn de Bibel

Sa út en troch wurde der yn ‘e Bibel jildbedraggen neamd, en dan sitte wy gau mei in probleem. Hoefolle wie dat jild fan doe wurdich? Faak witte wy dat net iens presys, en dan noch is it lestich te sizzen. Yn myn Christelijke Encyclopedie út 1957 stiet dat in Grykske drachme likernôch 40 (gûne)sinten wurdich wie, en in eintsje fierderop dat in arbeider syn húshâlding dêr in dei fan ûnderhâlde koe. Snappe jo it?
It aparte fan jild is fansels, dat it oan ‘e iene kant hielendal syn eigen wetten liket te hawwen. Jild makket mear jild, mar tagelyk wurdt jild op himsels altyd minder wurdich. As jo neigeane, wêr’t dat krekt fan komt, dan komme jo altyd út by it gedrach fan minsken. Ekonomy is dan ek in gedrachswittenskip, krekt as psychology en sosjology. Ekonomyske wetten hawwe te krijen mei betrouwen en eangst, begearte en mooglikheden om te kiezen. As mar alle minsken hjoed it betrouwen hawwe dat der de kommende tsien jier iten en wenplak foar elk is, is der gjin kredytkrisis mear. As alle minsken hjoed har sparsinten by de bank opfreegje en dêr moarn wat kontant foar keapje wolle, falle der deaden. Dat is ekonomy.
Ekonomyske wetten jilde dan ek allinnich salang’t minsken harsels deroan hâlde. Mar tagelyk binne de driuwende krêften dêrefter sa algemien, dat dy wetten har hieltyd wer jilde litte. Wy binne no ien kear sa’t wy binne. Dat dy wetten net altyd earlik binne, en faak yn it foardiel wurkje fan ‘e minsken dy’t al oan ‘e goeie kant sitte, wisten wy allang. Dêrom neamt Jezus it jild ek ‘de onrechtvaardige’ Mammon. Jild is in útfergrutting fan ’e sûnde.
Mar Hy seit net dat wy it jild dêrom mar ôfskaffe moatte. Yn ’e minskemaatskippij binne bepaalde dingen no ien kear nedich, ek al binne se net goed. Dêrom is der ek strafrjocht, binne der regels foar it ûntbinen fan in houlik, in oerheid dy’t it swurd draacht, ensafuorthinne. Hy seit sels: meitsje dêr gebrûk fan. Net om der sels sa goed mooglik fan te wurden, mar om der freonen mei te meitsjen. Om der foar oare minsken goed mei te dwaan. Ek al binne der yn ’e himel gjin sinten, wat wy der op ierde mei dien hawwe skynt dêr noch al in rol te spyljen.
Jezus seit sels tsjin syn learlingen: Ik neam jim gjin slaven, mar freonen. Dat is de bedoeling fan syn kommen op ierde. Dêr meie wy al ús middels dus foar brûke: om freonen mei te meitsjen en te hâlden. Gelykweardige minsken, dy’t it goede dat God jout mei elkoar diele en der mei elkoar fan genietsje. Al slagget dat altyd net, Jezus syn warskôging en syn foarbyld binne dochs wichtich genôch. Al wie it allinnich mar om wekker te bliuwen foar it gefaar: foardat wy it witte meitsje wy mei ús jild oaren ta slaven. Of noch slimmer: wurde wy der sels slaven fan. En dêrfoar hie God syn folk net út Egypte weihelle.

Liuwe H. Westra (maaie 2009)