Koarte bychttsjinst, preek fan ds. P. Hekstra

Koarte bychttsjinst, preek fan ds. P. Hekstra

De bycht is in middel om oan God en minsken te bekennen, wat jin dwers sit troch eigen ûngerjochtichheden. De bycht kin deistich thús plakhawwe. Men kin thús oan God en minsken om ferjouwing freegje.
Neffens syn belofte wol God oan elk, dy’t berou oer syn sûnden hat, alle sûnden ferjaan omwille fan it offer fan syn Soan Jezus Kristus oan it krús op Golgota. En wy meie om fernijing fan ‘e goede bedoelingen en
fersterking dêrfan troch syn Hillige Geast bidde. Omdat mannichien der thús net oan ta komt, jout de Tsjerke as mienskip der út en troch de gelegenheid ta, lykas hjoed it gefal is.

 

Lês hjir de hiele tsjinst fan ds. P. Hekstra