Koroana fers
Folkert Verbeek hat ûndersteand fers makke nei oanlieding fan de Koroana krisis.
Kroane
Jo skeppingskroane Hear,
slein fan koroana’s roede,
de minske, sit yn ’t near
it is him bang temoede.
Hy hat him mei bravoer
yn wolfeart noflik bêde,
wa kin út firus kloer
de mienskip no noch rêde?
Oan alle skeel ferby
fersette we ús ienriedich,
mar och hoe swak binn’ wy
en wapens net foarriedich.
Sjoch, Hear, it lijen oan
ferlos ús fan dit naasje,
dat wreed en glûpsk demoan,
ha mei ús moederaasje.
Wy roppe yn de need
‘kom hastich no fanwegen,
set op ús wurk tsjin ’t leed
de kroane fan jo segen’,
dat wy aanst hein en fier
wer djip en rom sykhelje,
Jo sjongend by de lier
befrijd ús tank betelje.
As jo ek in fers nei oanlieding fan dizze krisis makke ha, dan meie jo dat trochmaile nei krúspunt? Krúspunt beslist of it wol of net publisearre wurdt. Dêr kin net oer korrespondearre wurde.