Kwartettekoar

Kwartettekoar

It kwartettekoar is yn 2006 ûntstien. It doel is it sjongen en fersprieden fan hjoeddeiske nije fryske lieten oer de fryske tsjerken. Hindrik van der Meer makket de measte komposysjes, tekstdichter Eppie Dam levert de measte teksten oan.
It koar bestiet út in tachtich leden. Der wurdt trije kear yn ‘t foarjier en trije kear yn’t neijier mei de hiele groep oefene yn hieltyd in oare tsjerke yn Fryslân ûnder haaddirigint Hindrik van der Meer. Ut de tsjerken kin der in berop op – in part fan – it kwartettekoar dien wurde om mei te wurkjen oan de liturgy. De lytst mooglike groep is in kwartet, dêrom de namme kwartettekoar.
Om mei te dwaan yn it koar moat jo wol min of te mear in betûft sjonger wêze, dy’t de musyk sels foar it grutste part ynstudearje kin (mei help fan midi-files).

Untstean en doel Kwartettekoar (artikel út it Friesch  Friesch Deiblêd)

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

zeventien − 9 =